Utsjochtoer Jan Durkspolder iepene

Yn de Jan Durkspolder by Earnewâld is woansdei in nagelnije houten útsjochtoer iepene. Dy is 13 meter heech en jout in moai útsjoch op de polder en de rest fan natuergebiet De Alde Feanen. De toer is boud op de fûneminten fan in pleats dy't yn 1967 ôfbrutsen is. De famylje dy't eartiids op de pleats buorke wie ek oanwêzich by de iepening.
De plannen foar de toer bestiene al in jier as tsien, mar it Fryske Gea hie muoite om it jild te finen. Doe't de Hedwig Carolinastichting in bydrage fan 35.000 euro tasei koe begûn wurde mei de fergunningen en de bou. Oare bydragen kamen bygelyks fan de provinsje en de gemeente Smellingerlân. De toer is te berikken mei in 20 meter lange brêge. Ek dy is nij oanlein.