Pedikueres pleitsje foar ferromming coronamaatregels: "In pedikuere is gjin neilstyliste"

Pedikueres sjogge mei spanning út nei de coronaparsekonferinsje fan tiisdeitejûn. De oerheid hat it belied foar medysk needsaaklike foetsoarch samar ynienen oanskerpe. Oant no ta wie inkeld medysk needsaaklike behannelingen tastien. Mar no mei in behanneling allinnich as dy ûnder de soarchfersekeringswet of de Wet Langdurige Zorg falt. De brânsjorganisaasje hopet dat de oanskerping in fersin is en dat der tiisdei goed nijs komt.
© Shutterstock.com (Alina Troeva)
De oanskerping fan de maatregels foar pedikueres is dien sûnder oerlis mei ProVoet. De brânsjorganisaasje hopet dat it om in flater giet. Pedikueres binne yn prinsipe oant 2 maart ticht. It is noch wol tastien om medysk needsaaklike foetsoarch te ferlienen, mits der rekkening hâlden wurdt mei de coronaprotokollen.
Neffens de pedikueres nimt it tal foetklachten no al flink ta, bygelyks mear lykdoarnen en yngroeide neils, mei pine en oare klachten as gefolch.
Marianne Mijdam wurket as pedikuere yn Eanjum en yn Gruttegast. Sy is njonken it wurk yn har praktyk ek aktyf as konsulinte foar ProVoet yn it noarden fan it lân. Se seach nei de earste lockdown minsken mei grutte problemen: "Read opsette ûnderskonken. In soad pine. Under behanneling yn it sikehûs. De minsken hiene net troch dat se in ûntstekking oan de skonk hiene."
Mijdam wiist op it belang fan de pedikuere. Se behannelje ek kwalen dy't tsjin ûntstekkings oan sitte en hawwe in sinjalearjende funksje. "Wy sjogge ek nei hoe't it giet mei de pasjint. Sa kin in neilferkleuring wize op bloedearmoed, mar ek op kanker."
De brânsj sjocht eins it leafst erkenning fan it berop pedikuer as in medysk relatearre berop, en net as allinne foar utelrike fersoarging. "In pedikuere is gjin neilstyliste", seit Mijdam. Neffens ProVoet binne der net in soad minsken dy't allinnich op kosmetyske foetsoarch rjochte binne.

Parsekonferinsje

Neffens guon berjochten soe it demisjonêre kabinet op de parsekonferinsje fan tiisdeitejûn mear bekend meitsje oer kontaktberoppen. Dêr falle pedikueres ek ûnder. Nei alle gedachten stean der wol ferrommingen op it program foar kappers. Mar hoe't it mei de oare kontaktberoppen - en dus ek mei de pedikueres - komt, is noch net dúdlik.
Pedikuere Marianne Mijdam