Frou yn sloep klapt efterstefoaren mei rêch tsjin Ljouwerter brêge

Yn Ljouwert is in 26-jierrige frou ferwûne rekke by in oanfarring mei in brêge. Dat meldt de plysje. Se klapte mei de rêch tsjin de brêge oan.
© Kappers Media
De frou siet mei trije oaren yn in sloep, dy't oer de Potmarge nei it sintrum fan Ljouwert fear. Se kamen ûnder in oantal lege brêgen troch. Trochdat de frou mei de holle nei achteren siet, kaam se tsjin ien fan dy brêgen oan.
Nei it ûngelok is de boat by de Blokhûspoarte foar de wâl kaam. De frou is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.