Binnenstêdsmanager Hayo Galema: "Winkellju kinne neat en dat is hopeleas"

Tsientallen winkelgebieten troch hiel Nederlân roppe de polityk en feilichheidsregio's op om begjin maart de winkels en hoareka wer iepen te dwaan. Undernimmers ha plannen klearlizzen wêrmei't it neffens harren ek feilich kin. De binnenstêd fan Ljouwert hat de brief ek ûndertekene. "Der moat ferkocht wurde, oars kinne se net bestean", seit binnenstêdsmanager fan Ljouwert Hayo Galema.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"Winkellju tarre yn op harren fermogen, op harren reserves, en dy binne eins wol fuort", ferfolget Galema. "En as it foarútsjoch is dat je de kommende moannen noch net je waar ferkeapje kinne, dan is dat hiel skealik."
Winkels falle op it stuit noch net by boskjes om, mar de situaasje is neffens Galema earnstiger as foarkommen docht. "In hiel soad útjeften wurde útsteld. Foarrieden komme binnen, mar rekkens wurde net betelle. In hiel soad ûndernimmers kinne de hier ek net betelje." Dy útstelde útjeften kinne allinnich mar betelle wurde, as der wer ferkocht wurdt.

Hopeleas

De ûndernimmers hawwe no grut ferlet fan perspektyf. "Ek al is it de meidieling dat se oer trije wike wer folslein iepen kinne en dat der no allinnich op ôfspraak winkele wurde kin. Minsken hawwe perspektyf nedich, oars witte se net wêr't se oan ta binne. Se kinne neat dwaan en dat is hopeleas."
Om iepen te kinnen, moat der de garânsje wêze dat dat feilich en coronaproof is. "Garânsjes binne der nea yn it libben", ferklearret Galema. "Mar ik tink wol dat wy sjen litten ha dat der goede ôfspraken te meitsjen binne oer it maksimale oantal minsken yn de winkel en de hoareka, oer protokollen. Undernimmers gean dêr op in hiel ferantwurde wize mei om."
Galema leit de ferliking mei bygelyks supermerken en drogisten, dy't wol iepen binne. "Dêr kin it ek. Mar in kleanwinkel mei tûzen kante meter dy't in pear minsken tagelyk hat, dy kin net iepen. En de hoareka hat ek sjen litten dat se ferantwurde wurkje kinne."

Gatten foarkomme

It gefaar is neffens Galema dat der aanst grutte gatten falle yn de Ljouwerter binnenstêd. Guon winkels yn Nederlân ha oanjûn op 3 maart út protest dochs iepen te gean as der gjin ferromming foar harren komt. Oft dat yn Ljouwert ek barre sil, wit Galema net, "mar ik wit wol dat it in wanhoopsdied is, om't minsken fine dat it sa echt net langer kin."
Binnenstêdsmanager Hayo Galema fan Ljouwert