Oranjekeepster Loes Geurts spilet woansdei net tsjin Dútslân

Keepster Loes Geurts fan Hichtum hat har ôfmeld foar de oefenwedstriid tsjin Dútslân fan woansdei. Geurts hat lêst fan de knibbel.
© ANP Foto
Sari van Veenendaal is de fêste nûmer ien yn de nasjonale ploech, Geurts is de reservekeepster. Om har te ferfangen is no Barbara Lorsheyd oproppen. De 29-jierrige Lorsheyd spilet by ADO Den Haag.
Ferline wike wûnen de fuotbalsters mei 6-1 fan België.