Fytser bedarret yn de sleat yn Drachten
In fytser is moandeitemoarn yn 'e sleat bedarre oan it Oerterperfallaat yn Drachten. De man is troch omstanners út it wetter helle en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. De plysje hat ferskate tsjûgen sprutsen.