Plysje nimt twa rydbewizen yn fan hurdriders yn Drachten

By snelheidskontrôles oan de Suderhegewei en de Noarderhegewei yn Drachten hat de plysje ôfrûne wykein twa rydbewizen fan hurdriders ynnaam. De bestjoerders riden 106 en 121 kilometer yn it oere, dêr't 50 kilometer it maksimum is.
Gjin 130 mear op de sneldiken © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Fiif oare bestjoerders krigen in boete foar te hurd riden. De plysje kontrolearre op de Suder- en Noarderhegewei nei oanlieding fan klachten fan omwenners oer asosjaal rydgedrach.