Winkelgebieten yn hiele lân wolle iepen: "De need wurdt mei de wike grutter"

Sa'n 75 winkelgebieten yn hiel Nederlân roppe de polityk, de feilichheidsregio's en de boargemasters op om fan 3 maart ôf de winkels en hoareka wer iepen te dwaan. Neffens de ûndernimmers lizze alle plannen om dit feilich te dwaan klear. Ek stiet yn de brief dat sân fan de tsien ûndernimmers it wetter oan de lippen stiet. Peter de Vries, binnenstêdsmanager fan It Hearrenfean, sjocht dat ek om him hinne. "De need wurdt mei de wike grutter."
Grandcafé ’t Gerecht op It Hearrenfean oan it Gemeenteplein © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Winkelmannen, kappers, hoarekaûndernimmers en de kultuersektor stean te springen om wer klanten te ûntfangen. Sa ek op It Hearrenfean. "Wy ha hjir goed 200 winkels en hoarekaûndernimmers, wêrfan't mar in hiel lyts part iepen wêze mei. It grutste part kin net iepen en hat in foarried dêr't se mei sitten bliuwe. As se aanst iepen meie, sille se nije foarried ynkeapje moatte, mar dat jild is der net. Ik ken ûndernimmers dy't de toutsjes krekt oan elkoar knoopje kinne mei potsjes hjir en potsjes dêr en sels mei stipe fan de famylje."

Stille falliseminten

Neffens De Vries moat de lockdown net folle langer mear duorje, want dan falle ûndernimmers manmachtich om. "Ik ferwachtsje hiel wat stille falliseminten. De útstelde belestingmaatregels sille aanst ek werombetelle wurde moatte. De fiskus sil yn de simmer in brief stjoere mei in freonlik fersyk om ek dat jild werom te beteljen. Sa bliuwt it dweiljen mei de kraan iepen. Tsjin better witten yn gean ûndernimmers troch om mar te oerlibjen. Elke ûndernimmer tinkt: 'Noch ien moanne moat slagje'. Hopest elke moanne dat der grien ljocht komt. Mar dy hoop bliuwt mar út."

Soad ûnbegryp

Yn it begjin wie der begryp foar de maatregels, mar yntusken is dat fuort, fernimt De Vries: "Ik fernim benammen in soad ûnbegryp. Yn it grutste part fan Europa binne de winkels gewoan iepen. As ik dan sjoch nei de ferskillen kwa besmettingen, dan binne dy der hast net. Dus wêrom meie by ús de doarren net wer iepen? Dêr is in soad ûnbegryp oer."

Gatten yn de binnenstêd

De binnenstêdmanager makket him hieltyd mear soargen oer mooglike gatten yn it winkelgebiet, as de doarren noch langer ticht bliuwe moatte. "Wy ha al pannen dy't leech stean, mar dêr komme seker guon by. Dat giet ten koste fan de ûndernimmers dy't wol bliuwe. De binnenstêd wurdt minder ynteressant foar winkeljend publyk. Ek sil it publyk wer wenne moatte om wer nei de winkels ta te gean. Want online winkelje is dochs ek wol hiel maklik, ha wy no fernaam. It byld dat wy foar de takomst ha, dat sjocht der foarearst noch net goed út."
Binnenstêdmanager Peter de Vries