Dei fan de Memmetaal: "Ek it Stellingwarfs sil oerlibje!"

"Op himsels is it hielendal net sa slim as in taal ferdwynt. It is altyd sa dat dingen ferdwine. Oer in skoftsje binne we der sels ek net mear. Mar gean der mar fan út dat ús taal ús oerlibbet. Ek it Stellingwarfs!", dat sei Abel Darwinkel, de nije direkteur fan de Stellingwarver Schrieversronte. Hy wie snein, op de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal, te gast by Buro de Vries.
© Stichting Stellingwarver Schrieversronte
"Sels as soe ús taal ferdwine, dan noch is it wichtich om jo der foar yn te setten om't it ús histoarysk erfgoed is", fynt Darwinkel. As nije direkteur fan it taalynstitút fan de Stellingwarven wol hy lykwols alles dwaan om it Stellingwarfs as libbene taal yn stân te hâlden. Dat bart troch it opsetten en stypjen fan projekten yn it ûnderwiis en op it mêd fan literatuer en muzyk.
Mar Darwinkel sjocht ek dat it benammen dreech is om nije generaasjes hjir waarm foar te krijen. "Se sjogge alle dagen filmkes op ynternet en sosjale media en dy binne faak yn it Ingelsk of heech út Nederlânsktalich. Frysk en Stellingwarfs sjitte der dan folslein by yn. Fierder is it ek sa dat de memmen fan no (en ek de heiten fansels) folle minder harren eigen memmetaal noch brûke as fyftich jier lyn yn de omgong mei harren eigen bern. "Dat is sels by ús thús al sa", erkent Darwinkel, "om't myn frou yn in oare taal grutbrocht is."
Abel Darwinkel yn Buro de Vries oer de Dei fan de Memmetaal
Fanwegen corona is it tal aktiviteiten op de Ynternasjonale dei fan de Memmetaal dit jier beheind, al is de Afûk bygelyks wol dwaande mei de kampanje #Frysksichtber.
Takom jier sil dat trouwens mear as goed makke wurde. De Feriene Naasjes, dêr't it inisjatyf foar dizze dei weikomt, komme dan mei in 'decade fan de indigenous languages', in kampanje fan tsien jier dus, wêryn stribbe wurdt nei ynklusyf en meartalich ûnderwiis, mei plak foar alle 'mothertongues', oftewol memmetalen.