"Jûnsklok trije wiken langer om lytse fersoepelingen mooglik te meitsjen"

De jûnsklok wurdt mei trije wiken ferlinge. Dat skriuwt de NOS op basis fan boarnen by it saneamde Catshuisberaad. Troch de jûnsklok langer oan te hâlden, tinkt it kabinet dat lytse fersoepelingen fan de coronamaatregels mooglik binne.
© Omrop Fryslan
Sa is it de bedoeling dat kappers fan 2 maart ôf wer iepen meie. Wol sil dat allinnich op ôfspraak wêze en moatte se yn it foar fan de klant dúdlik krije oft dy klachten hat. Ek it fuortset ûnderwiis mei fan 1 maart ôf foar in part wer iepen. Learlingen kinne dan oardel dei yn 'e wike les krije. Yn it mbo soe it gean om 1 dei les yn 'e wike.
It kabinet soe der ek oer neitinke om winkeljen op ôfspraak mooglik te meitsjen. Dêr wurdt wol by sein dat de fersoepelingen werom draaid wurde kinne, wannear't it tal besmettingen dochs wer oprint.
Tiisdei 23 febrewaris is der wer in parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge.