Oan Noardseestrân fêstgroeide sânbank op Skylge "libbensgefaarlik"

Steatsboskbehear op Skylge warskôget foar in gefaarlike sânbank by it strân, op 'e hichte fan peal 5. De sânbank is fêstgroeid oan it strân en neffens Steatsboskbehear kinst samar in ferkearde ôfslach nimme en de sânbank opkuierje. Dat kin libbensgefaarlik wêze, fertelt boskwachter Joeri Lamers: "Als het water opkomt, kun je ingesloten raken."
© Twitter, @JoeriLamers
"Eens in de zoveel tijd wordt Terschelling een beetje groter. Dan groeit er een zandbank vast aan het eiland. Maar deze keer is het een behoorlijk grote zandbank", fertelt Lamers. As minsken net útsjogge, stean se samar in hiel ein yn see. Der rint ek noch in geul oer de sânbank. By opkommend wetter komt der in flinke streaming te stean, sadat'st dreech werom komme kinst.

Warskôgingsboerd

Lamers makke koartlyn in kuier by de wetterline del. Foar't er it yn 'e gaten hie, rûn er sels ek hast de sânbank op. "Dat geeft al aan hoe gemakkelijk je die verkeerde afslag neemt." Yn gearspraak mei de gemeente en Rykswettersteat wurde der warskôgingsbuorden pleatst. "Dat is het enige wat je echt kunt doen", leit Lamers út.
Oer in oantal jier sit de sânbank folslein oan Skylge fêst. "De banken wandelen eigenlijk naar het eiland toe. Eerst groeit een stukje vast aan het eiland en vervolgens wordt die tegen het eiland aangeduwd. Dan is de zandbank onderdeel van het strand en is het gevaar geweken."
Boskwachter Joeri Lamers fan Steatsboskbehear oer de sânbank