Cambuur spilet op it toskfleis: "We ha ek wat tikjes hân"

Sawol Henk de Jong as Calvin Mac-Intosch kin libje mei in punt dat SC Cambuur freed pakte tsjin Jong Ajax. De Ljouwerters hienen fierwei de measte kânsen fan de wedstriid, mar kamen djip in blessuertiid goed fuort, doe't de Amsterdammers de winst noch pakke kind hienen.
Calvin Mac-Intosch
Lassina Traoré stie yn de slotfaze each yn each mei Cambuurdoelman Sonny Stevens. Hy skeat oer. "Ze krijgen altijd wel een kans", seit ferdigener Mac-Intosch. "Dit was gelijk een grote. Gelukkig gaat-ie er niet in, want het was ook helemaal niet terecht geweest."
De measte kânsen wienen foar de Ljouwerters. Benammen yn de earste helte hie Cambuur skoare moatten. "Als je 3-0 voorstaat bij rust, zou het heel normaal zijn", neffens Mac-Intosch.

Kompliminten foar Ajax-keeper Scherpen

Doelman Kjell Scherpen hold Jong Ajax oerein. "Krekt of is de goal dan folle lytser", seit trainer Henk de Jong. "Hy is ek grut en breed. Hy pakte in pear ballen derút, net te leauwen. Dat die er de hiele earste helte."
Cambuur skoarde dus net foar it skoft, Jong Ajax die dat wol, nei't David Sambissa de bal ferlear. Wie it in flater fan Sambissa? "Dat weet ik niet", seit Mac-Intosch. "Ik weet niet of de bal van Schouten op Sambissa goed was. Sambissa zei zelf dat-ie 'm binnen kon houden, maar dat-ie z'n enkel verzwikte op het kunstgras. Ik denk meer dat het pech was."
Henk de Jong
De wedstriid tsjin Jong Ajax wie de twadde foar Cambuur yn in drokke wike. "We begûnen muoisum, dat hat miskien ek te krijen mei dat we 2,5 dei lyn in wedstriid spilen. En it fjild is ek even oars." Moandei spilet Cambuur út tsjin Jong Utrecht. "Dan ha we wer sa'n fjild. We ha ek wat tikjes hân. We moatte op it toskfleis spylje."