Cambuur ferspilet twa punten yn Amsterdam

Sportklup Cambuur hat op besite by Jong Ajax twa punten ferspile. De Ljouwerters kamen yn de ynhelwedstriid net fierder as 1-1. Nei tweintich minuten kaam de thúsploech op foarsprong. Koart nei it skoft makke Robert Mühren de lykmakker. Cambuur behâldt wol de kopposysje yn de earste difyzje.
© Orange Pictures
De earste kânskes wienen foar de Ljouwerters. Issa Kallon twong Kjell Scherpen al yn de earste minút ta in rêding en even letter foarkaam de keeper opnij in treffer fan de rappe fleugelspiler. Noch yn de begjinfaze krige ek Nick Doodeman in grutte kâns foar Cambuur, nei in flater yn de opbou by Jong Ajax. Alwer stie Scherpen yn 't paad.

Goals nei balferlies

Nei tweintich minuten spyljen kaam Jong Ajax op foarsprong. David Sambissa ferspile de bal by de sydline en rekke dêrby blessearre. De bal kaam út by Naci Ünüvar. Dy skeat earst op Sonny Stevens, mar benutte de rebound. Yn it lêste diel fan de earste helte spile Cambuur net geweldich, mar kamen der noch wol in pear grutte kânsen. Doodeman, Mühren en Ter Heide skoarden net.
Flak nei it skoft profitearre Cambuur wol fan in flater by Jong Ajax. Nick Doodeman kaam yn balbesit en joech de bal oan topskoarer Robert Mühren. Dy skeat syn 24e fan it seizoen binnen.

Cambuur komt goed fuort

Yn it lêste healoere skeat Kallon yn it sydnet en wie Mühren te wyld mei in skot yn kânsrike posysje. Djip yn blessueretiid kaam Cambuur goed fuort. Jong Ajax-spits Lassina Traoré stie each yn each mei Stevens en skeat krekt oer.
SC Cambuur bliuwt wol koprinner yn de earste difyzje. De ploech fan Henk de Jong hat 57 punten út 24 wedstriden. De Graafschap hat fjouwer punten minder. Almere City stiet tredde mei 50 punten, mar hat in wedstriid minder spile.
Kommende moandei spilet Cambuur opnij tsjin in belofteploech. Dan moatte de Ljouwerters nei Jong FC Utrecht.
Jong Ajax - SC Cambuur 1-1 (1-0) 21. Naci Ünüvar 1-0, 49. Robert Mühren 1-1
Opstelling SC Cambuur: Sonny Stevens; Doke Schmidt, Calvin Mac-Intosch, Erik Schouten, David Sambissa (23/Alex Bangura); Jamie Jacobs (57/Michael Breij), Jasper ter Heide (75/Joris Kramer), Robin Maulun (75/Ragnar Oratmangoen); Nick Doodeman (57/Giovanni Korte), Robert Mühren, Issa Kallon