Grut ûnderhâld oan de Hobbe van Baerdt Tsjerke-flier op De Jouwer

Op De Jouwer wurdt op dit stuit hurd wurke yn de Hobbe van Baerdt Tsjerke. De flier yn it skip efter de Jouster Toer leit iepen. Der komt in nije, mear duorsume ferwaarming yn en de sarken wurde opnij dellein fanwege it fersakjen fan de flier. It is noch in flinke put, want it giet om in Ryksmonumint dat de woartels yn 1644 lizzen hat en nei in grutte brân opnij opboud is. Doel is om it wurk foar de boufak klear te hawwen.
Wurk oan de Hobbe van Baerdt Tsjerke © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"De flierferwaarming dy't der op dit stuit yn leit is fan 1980," fertelt tsjerkerintmaster Feiko de Vries, dy't ek yn de boukommisje sit. "Dy ferwaarming hat syn libbensdoer wol hân. Boppedat fersakket de flier op guon plakken, dêrtroch wurkje ek parten fan de ferwaarming net mear en bliuwt it kâld. De ferwaarming is eins net mear goed behearskber. Dêr hinget in priiskaartsje oan, want dat kostet in soad stroom. En wy wolle ek wat mear oan it miljeu tinke."
Dêrom spilet al sûnt 2012 it plan om de flier ûnder hannen te nimmen. No is it safier. De grutte put wurdt yn twa fazen dien. "De sitbanken lizze op dit stuit yn in opslach. De grutte hearebanken kinne der net samar wei, dus dy ferpleatse wy binnen de tsjerke. Fandêr ek de twa fazen: sa kinne wy de stiennen en banken ferskowe nei it part fan de tsjerke dêr't net wurke wurdt." Alles wurdt yn goed oerlis mei archeologen dien, ek in wethâlder hat al efkes om 'e hoeke sjoen.

Boud yn 1644, opnij nei 1939

It oarspronklike skip fan de tsjerke is boud yn 1644. In grutte brân yn 1939 soarge der lykwols foar dat in grut part fan de tsjerke ferlern gien. Oant nei de Twadde Wrâldoarloch is der wurke om it skip wer opnij te bouwen. De Jouster Toer waard al yn 1622 boud en bleau besparre. Mar it skip wie in ravaazje. Ek de oarspronklike sarken rekken skansearre. "Dêrom binne der oeral út Fryslân wei oare sarken nei De Jouwer ta helle as ferfangers. Dêr binne de teksten ôfbeitele." Ek it ynterieur gie foar in grut part ferlern. "Al binne der wol parten fan de hearebanken besparre bleaun," fertelt De Vries.

Sarken en grêfkelders

Oan de kant fan de Toerstrjitte lizze sarken dy't al stikken wiene. Al dy brokken wurde der út helle, dêr komme nije sarken foar yn 't plak. "Alle brokken binne nûmere en wurde opslein by de oannimmer. Dy smite wy net fuort, want it binne en bliuwe sarken. Dy kinne mooglik wer brûkt wurde yn oare gebouwen."
Der lizze fuort ûnder de flier gjin minsken mear begroeven. "Der binne se op in gegeven momint mei opholden fanwege de stank. Der lizze noch wol grêfkelders fan de famylje Van Baerdt, Vegelin van Claerbergen en in dûmny. Dêr is earder de âlde ferwaarming ek omhinne lein. Dy grêfkelders binne noch orizjineel en dy hawwe in grutte histoaryske wearde. De slútstiennen sitte der noch op, en dy bliuwe der ek op."

Freonestichting

It projekt wurdt foar it grutste part betelle troch de protestantske gemeente fan De Jouwer, dêrnjonken is der ek wat subsydzje. It skip is eigendom fan de tsjerklike gemeente, mar neffens De Vries is úteinlik it idee dat it ûnder de wjukken fan de yn 2018 oprjochte Stichting Vrienden van de Hobbe van Baerdt Kerk komt. Dêr kinne minsken donateur fan wurde. "Sa moat it gebou en it erfgoed bewarre bliuwe en moat de tsjerke ek wat multyfunksjoneler wurde. It tal gemeenteleden rint werom, dus wy moatte foar de takomst ek sjen wat wy foar de hiele mienskip betsjutte kinne mei romte foar maatskiplike aktiviteiten."
It wurk wurdt dien troch bou- en restauraasjebedriuw S.D. van der Vegt en ek Stichting Beheer Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland is belutsen by it projekt.