Ploumen yn Noard-Nederlân wol mear jild foar Noard-Nederlân

De Partij van de Arbeid wol dat der mear jild giet nei biblioteken en swimbaden yn Noard-Nederlân. Dat seit listlûker Lilianne Ploumen op wurkbesite yn Noard-Nederlân. "Het huidige kabinet is een Randstadkabinet", seit se.
© ANP
Jûn is Lilianne Ploumen te gast yn It Polytburo. Dat programma sjocht de kommende wiken foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Earder skoden Wopke Hoekstra (CDA) en Lilian Marijnissen (SP) al oan by presintatoaren Eric Ennema en Andries Bakker.
De PvdA wol de kommende jierren hûnderten miljoenen euro's ynvestearje yn gemeentlike foarsjenningen. Neffens de partij binne der op ferskate plakken biblioteken, buerthûzen en swimbaden sletten, en wachttiden by jeugdsoarch en GGZ binne oprûn. Minsken moatte te lang wachtsje op help, seit Ploumen.
Yn Noard-Nederlân driigje ekstra besunigingen, troch in nije ferdieling fan it jild dat gemeenten út Den Haag krije. "Zo gaat het niet langer", seit Ploumen. "Het is tijd om te investeren in een eerlijke toekomst voor héél Nederland."