Lytse ferbettering coronasifers jout GGD Fryslân net in soad hoop

Der binne de ôfrûne wike krekt wat minder Friezen posityf test op it coronafirus as ferline wike. Mar dat stimt GGD Fryslân noch net hoopfol. It is gjin goed teken dat de sifers net substansjeel nei ûnderen gean, seit de GGD. Ofrûne wike ha mear minsken har teste litten op it firus as de wyks derfoar. Der is ek in rekôrtal minsken faksinearre tsjin it coronafirus.
© Shutterstock.com (Horth Rasur)
Under de Fryske 70-plussers en yn de ferpleech- en fersoargingshuzen rint it tal nije besmettingen wer wat werom. By jongfolwoeksenen binne der just mear positive tests en by basisskoalbern is it oantal hast gelyk bleaun. Dat der gjin dúdlike delgong te sjen is, hat nei alle gedachten te krijen mei de mutaasjes fan it firus. "De Britse variant speelt daar zeker een rol in", seit dokter Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân.

Besmettingen by bedriuwen

Ek falt it neffens him op dat der noch altyd besmettingen te sjen binne by bedriuwen. "Terwijl je daar ook juist zou hopen dat mensen zich steeds beter weten aan te passen en ook de bedrijven steeds beter maatregelen weten te nemen om verspreiding te voorkomen", seit Hofstra.
Minsken litte har neffens him ek net altyd teste, om't se de earnst fan de sykte nei al dizze tiid net mear sa sjen. "Mensen denken 'ik heb milde klachten, het zal vast geen corona zijn'." De GGD hat lykwols dy tests nedich om boarne- en kontaktûndersyk te dwaan by in positive útslach.

Jûnsklok

Der is op it stuit in soad te dwaan oer it wol of net trochgean mei de jûnsklok. It effekt fan allinnich dy maatregel is dreech nei te gean, sa as by elke spesifike maatregel, seit Hofstra. Neffens him is it just it hiele pakket oan maatregels dat inoar fersterket. Wol hat it ynfloed op feestjes by minsken thús. "De avondklok helpt ook daarvoor wel om die bewegingen tegen te gaan, omdat je juist op die feestjes ook verspreiding zag."
De GGD hat de ôfrûne wike in rekôrtal fan 10.291 ynwenners fan Fryslân faksinearre, mear as in ferdûbeling fergelike mei de wike derfoar. Dat wurdt no allinnich noch dien yn Ljouwert en op de Waadeilannen, mar fan 1 maart ôf ek yn Drachten. In wike letter folget Snits en der binne ôfspraken makke om begjin april op It Hearrenfean útein te setten.

Mutaasjes

Minsken ha noed oer oft de faksins wol beskermje tsjin de mutaasjes fan it coronafirus, mar dat is net nedich neffens Hofstra. "De vaccins die we nu hebben helpen goed tegen de verschillende varianten." It iene faksin wurket it firus wol better tsjin as it oare. "Maar we zien in ieder geval dat mensen er niet meer heel erg ziek van worden."
Dokter Everhard Hofstra fan GGD Fryslân