Fjoersee leit âld muzykgebou yn Dokkum yn 'e jiske

De brânwacht hat freedtemoarn yn aksje west by in koarte, fûle brân yn Dokkum. Yn earste ynstânsje waard tocht oan brân yn de âlde sporthal oan de Hoedemakersweg. It blykte lykwols te gean om it âlde gebou fan muzykferiening DoMoKu.
© Noordernieuws/De Vries Media
Der waarden meardere brânwachtploegen oproppen, mar de earste ploech dy't oankaam hie it fjoer rap ûnder kontrôle. By de brân kaam wol in soad reek frij, der is dêrom in NL-Alert útjûn en de plysje hat mei in lûdsauto yn de wyk omriden.
Der wurdt ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân.