Plysje Ljouwert hâldt fertochte oan nei ynfal om harddrugs

De plysje yn Ljouwert hat tongersdei in 59-jierrige fertochte oanholden foar it yn besit hawwen fan harddrugs. Dat barde nei in ynfal yn in hûs oan de Borneostraat. Dêr fûn de plysje ek harddrugs.
Drugs © Omrop Fryslân
De plysje hat de drugs yn beslach nommen. Se wienen de fertochte op it spoar kaam nei ûnder oare anonime meldingen oer drugsoerlêst.
In oare anonime melding gong oer in himpplantaazje oan de Brédyk. Dêr fûn de plysje 43 plantsjes. Dy binne ferneatige.