Jongfryske Mienskip: 'Ryksoerheid hâldt ûngelikenens Frysk en Nederlânsk yn stân'

De Ryksoerheid docht struktureel oan taaldiskriminaasje en hâldt de ûngelikenens tusken it Frysk en Nederlânsk yn stân. Dat seit de feriening Jongfryske Mienskip. Dy hat sjoen hoe't it kabinet omgiet mei Europeeske regels op it mêd fan minderheidstalen. It kabinet soe him net goed genôch oan de regels hâlde.
© Omrop Fryslân
As foarbyld neamt de Jongfryske Mienskip dat allegear oerheidspublikaasjes yn allerhande talen oerset wurde, mar struktureel net yn it Frysk. Dan giet it om bygelyks de donorfolder en de jûnsklokferklearring. Dy kamen der pas yn it Frysk nei't dêr spesifyk om frege waard.
En neffens de feriening is der noch altiten net sprake fan folweardich Frysk ûnderwiis. In soad skoallen komme net fierder as it sjen litten fan in Frysk filmke oan de learlingen. En it Ryk docht dêr te min oan, seit de Jongfryske Mienskip. "Om bern net opgroeie te litten as analfabeten yn de eigen taal, soe de Ryksoerheid folle mear ôftwinge kinne as no it gefal is."