Tal nije coronabesmettingen boppe trochsneed yn Fryslân en lanlik

It RIVM meldt tongersdei 185 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 73 mear as woansdei, doe wiene it der 112. De ôfrûne wike wurde gemiddeld alle dagen 161 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert, mei 32. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (26), Achtkarspelen (19) en Smellingerlân (19).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren tolve stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om fjouwer ynwenners fan Ljouwert, trije fan Achtkarspelen, twa fan Súdwest-Fryslân, twa fan Tytsjerksteradiel en ien yn Harns.
Der binne ek twa Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus. It giet om minsken út de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân.

Lanlik ek boppe trochsneed

Lanlik binne der 4.618 nije coronagefallen meld. Dat is sa'n tûzen boppe it deistige trochsneed fan de ôfrûne wike.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.