Trasee Lelyline 'sit fol útdagingen'

De Lelyline is in nije dûbelde spoarline fan 125 kilometer fan Lelystêd troch Fryslân nei de stêd Grins. Dy soe by de autodiken A6 en A7 del komme. As alles trochgiet, wat binne dan de gefolgen foar de pleatsen, bedriuwen, tankstasjons en wenhuzen oan de rûte? Der leit ek beskerme natuer njonken de A7, ûnder oare by Beetstersweach. En tusken De Lemmer en De Jouwer giet de A6 dwers troch de Tsjûkemar.
Onno Falkena oer de Lelyline
"Ik haw op dit stuit noch gjin idee oft de spoarline boppe of ûnder de mar del komme moat", seit wethâlder Lelylijn Frans Veltman fan gemeente De Fryske Marren. "Foar it krekte trasee fan de Lelyline is noch hiel wat stúdzje nedich."
Syn gemeente hâldt wol rekken mei de mooglike komst fan de Lelyline. Dat is net ûnterjochte, want yn de Noardeastpolder leit by de A6 del al grûn klear dy't brûkt wurde kin foar de oanlis fan de rappe spoarferbining.

De Lemmer

Dat betsjut dat de spoarline by De Lemmer Fryslân berikt. De Lemmer wurdt yn in ferline jier publisearre potinsje-ûndersyk dan ek neamd as mooglik ekstra halteplak njonken Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten. Veltman is dêr neffens eigen sizzen noch net mei dwaande. "It giet der earst om, dat de Lelyline der komt. De krekte ynfolling komt letter wol."

It Hearrenfean

Op It Hearrenfean komt it spoar nei alle gedachten oan de noardkant fan de A7 te lizzen. De Lelyline krúst dêr ek de besteande spoarline fan Ljouwert nei Zwolle. It liket in logysk plak foar in nij treinstasjon It Hearrenfean-Noard. Dêrnjonken wurdt op It Hearrenfean ek rekken hâlden mei in ekstra 'spoarbôge' dy't de Lelyline ferbynt mei de spoarline nei Ljouwert, sadat reizgers út it noarden fan Fryslân al yn Ljouwert op de Lelyline stappe kinne, sûnder ferplichte oerstap 30 kilometer fierderop.

Drachten

Omdat by Drachten allinnich eastlik fan de A7 plak is foar in treinstasjon, sil de Lelyline earne tusken Tsjalbert en Koartehimmen de autodyk kruse moatte. Wêr't dat it beste kin, is no noch net bekend.
Trasee Lelyline 'sit fol útdagingen'
"Ik weet het in ieder geval niet", seit boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân. "De aanleg van een spoortracé is ingewikkeld. Je moet nagaan welke leidingen in de grond liggen en welke grond beschikbaar is. En als de spoorlijn door natuur loopt, moet die elders worden gecompenseerd."

Natuergebieten

Natuer is folop oanwêzich yn de gemeente Opsterlân tusken It Hearrenfean en Drachten. Deun tsjin de A7 leit it wichtige natuergebiet Van Oordts Mersken, in offisjeel Natura 2000-gebiet dêr't it winterdeis optilt fan guozzen.
"Het inpassen van een spoorlijn wordt een uitdaging", seit wethâlder Anko Postma fan de gemeente Opsterlân. "Dat moet zeer zorgvuldig gebeuren." Mar lykas syn kollega Veltman fan De Fryske Marren sjocht ek Postma folle mear foar- as neidielen as it om de Lelyline giet. "In bytsje groei fan it oantal ynwenners is goed foar it oereinhâlden fan de foarsjenningen yn ús doarpen."

Drachten-Súd: yn Smellingerlân of yn Opsterlân?

By it ûntwikkeljen fan in stasjon Drachten-Súd binne Opsterlân en Smellingerlân ta gearwurking feroardiele, want de gemeentegrins leit lâns de A7. In stasjon by It Súd is noch krekt Smellingerlân, mar in bytsje fierderop lizze gaadliker plakken by bedriuweterrein Drachten-A7 en de fytsbrêge oer de A7. Wethâlder Postma fan Opsterlân seit dat er it 'merkwaardig fynt' dat in grutte kearn as Drachten noch gjin stasjon hat. Wat him oanbelanget falt der seker mei Opsterlân te praten. "Wij doen ons best om daar de goede keuzes en afwegingen in te maken. Beter een goede buur dan een verre vriend."

Mooglik nije wenwyk Drachten yn Opsterlân

It leit foar de hân om in nije wenwyk oanslute te litten by it treinstasjon. "De oostkant van de A7 is een mooie locatie. Dat zou zeker een optie kunnen zijn", seit boargemaster Rijpstra fan Smellingerlân. "Gelukkig hebben we een goede samenwerking met onze buurgemeester Opsterland."
Boargemaster Rijpstra ferwachtet mear ynwenners as de Lelyline der komt
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
Neffens it potinsje-ûndersyk soe Drachten by oanlis fan de Lelyline groeie kinne nei sa'n 80.000 ywenners. Rijpstra wol him net op oantallen fêstlizze, mar sjocht wol romte foar 'nieuwe inwoners en een nieuwe woonwijk'.

Tunnel

In tunnel is nei alle gedachten de meast gaadlike opsje om mei de Lelyline it Drachtster klaverblêd te passearjen rjochting Westerkwartier. Lykas yn Opsterlân moat de spoarline earne yn dy gemeente de autodyk kruse, om by Hoogkerk wer út te kommen op besteand spoar nei de stêd Grins.

De Like hat al in Lelystraat

Underweis nei Grins folget earst in lestige passaazje by Marum mei oan wjerskanten fan de autodyk bedriuwen, pleatsen en wenhuzen. In pear kilometer fierderop liket by it bedriuweterrein fan Leek grûn klear te lizzen foar de oanlis fan de Lelyline. De positive hâlding foar de spoarline oer wurdt befêstige troch de oanwêzichheid fan in Lelystraat op it bedriuweterrein.

Oerstapplak foar toeristen

Op fersyk fan RTV Noord befêstiget de gemeente Westerkwartier dat de gemeente stribbet nei in eigen treinstasjon. De plannen foar de flugge spoarline Lelystêd-Grins foarsjogge oant no ta net yn in stasjon by Leel, al sjogge de opstellers fan it potinsje-ûndersyk hjir wol mooglikheden foar in 'toeristyske hub' lykas by De Lemmer.

Krekte rûte noch net dúdlik

Noardlike bestjoerders lykas deputearre Avine Fokkens fan Fryslân litte har oant no ta net sa min mooglik út oer it krekte trasee. Se fine dat noch te betiid, omdat it Ryk noch gjin strategyske beslút foar oanlis fan de Lelyline makke hat. Boppedat is der mear stúdzje nedich.
Mar foar it meitsjen in realistyske Maatskiplike Kosten Batenanalyze (MKBA) ûntkomme de bestjoerders net oan it meitsjen fan in ûntwerp-trasee, want sûnder trasee falt ek gjin realistyske begrutting foar de Lelyline te meitsjen. En in MKBA is yn Nederlân ferplichte foardat begûn wurde kin mei sokke grutte ynfrastruktuerprojekten as in Lelyline.
Onno Falkena oer it trasee fan de Lelyline troch Fryslân
Wethâlder Anko Postma fan de gemeente Opsterlân
Sjoch foar al ús nijs oer de Lelyline op ús dossierside.