Frachtwein útbaarnd yn Drachten, bedriuw rint skea op

Op in bedriuweterrein oan de Ampèreleane yn Drachten is tongersdeitemoarn in frachtwein yn flammen opgien. It gebou dêr't de frachtweintrailer tsjinoan stie, hat skea oprûn troch de brân.
© SR Fotografie
It is net dúdlik hoe't de brân ûntstie. By de brân rekke gjnien ferwûne. Der siet gjin lading yn de frachtwein.