Undersyk: flink minder ôffal op Noardseestrannen as tsien jier lyn
De strannen oan de Noardsee wurde hieltyd skjinner. Der leit no in kwart minder ôffal as tsien jier lyn. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Stichting De Noordzee. "De dalende trend is goed nieuws en geeft hoop", fertelt programmalieder skjinne see Ewout van Galen fan de stichting.

Der leit no 27 persint minder ôffal op it strân as tsien jier tebek. Dat toant Stichting De Noordzee oan mei it rapport Goed op weg naar een schone zee. Sûnt 2001 docht de stichting yn opdracht fan Rykswettersteat strânôffalûndersyk lâns de Nederlânske Noardseekust. De miljeuorganisaasje analysearre, yn gearwurking mei meiwurkers fan Wageningen University & Research, data fan tweintich jier strânôffalûndersyk op net-toeristyske strannen.
Yn de earste tsien jier (2001-2010) binne der gemiddeld 388 stiks ôffal de hûndert meter oantroffen, yn de perioade dêrnei (2011-2020) naam it gemiddelde ôf nei 282 stiks. Benammen de hoemannichte ballonnen en fiskerijrelatearre ôffal naam bot ôf. Ballonnen binne dêrtroch ferdwûn út de top fiif fan meast oantroffen strânôffal. Hoewol't fiskerijrelatearre ôffal noch hieltyd op nûmer 1 stiet, wurdt it minder fûn en nimt it signifikant ôf.
Top 5 meast oantroffen ôffal:
Der binne neffens Stichting De Noordzee trije wichtige faktoaren dy't bydrage oan de delgong fan de hoemannichte ôffal. Alderearst is der mear omtinken foar swalkôffal, lykas plestik yn see, wêrtroch't it draachflak foar de oanpak derfan groeit.
Dêrneist is der lokaal, nasjonaal en ynternasjonaal belied ynfierd dat goed wurket, lykas gemeenten dy't ballonoplittings ferbiede, in nasjonaal ferbod op fergeze plestik taskes en ynternasjonale wetjouwing foar it loazen fan ôffal op see. Ut de data docht dúdlik bliken dat nei ynfiering fan dit belied minder ballonnen, plestik taskes en skipfeartôffal oanspielden.
As tredde sette boargers, it bedriuwslibben en maatskiplike organisaasjes har hieltyd mear yn foar in skjinne see, troch bygelyks it strân op te romjen en de fasiliteiten foar ôffalôfjefte yn de havens te ferbetterjen. Ek de fiskerijsektor set him yn, wêrtroch't der minder fiskrelatearre ôffal oantroffen wurdt. Ek wurde der jierliks tonnen ôffal opfiske en oan lân brocht mei it Fishing for Litter-projekt.

Oanpak by boarne bliuwt nedich
Stichting De Noordzee ropt de oerheid op om de Europeeske Rjochtline foar fuortsmytplestik sa rap en effektyf mooglik yn te fieren en mear fuortsmytplestik te ferbieden en yn te setten op wergebrûk. "De aandacht voor het afvalprobleem in zee is enorm gegroeid en we zien dat beleid om plasticvervuiling aan te pakken werkt. We zijn ook erg blij met de uitbreiding van statiegeld op kleine plastic flesjes dat in juli wordt ingevoerd en het recente besluit van statiegeld op blik in 2022", seit Van Galen.
Der bedarret neffens him lykwols noch te folle ôffal op it strân: oer de folsleine perioade fan tweintich jier monitoring leit it gemiddelde op 330 stiks ôffal de hûndert meter. Fiskplús is noch hieltyd it meast oantroffen ôffal. "Daarom is het onder andere van groot belang dat er alternatieven voor vispluis worden ingezet, containerverlies wordt voorkomen en de instroom van afval via rivieren wordt gestopt."
De resultaten fan it rapport jouwe neffens Van Galen hoop, mar it probleem moat yn gearwurking mei de oerheid, it bedriuwslibben en boargers de boarne oanpakt wurde. "Dat is de sleutel voor een écht schone en gezonde Noordzee."