Mooglik stekynsidint oan de Bleeklaan yn Ljouwert

Yn in hûs oan de Bleeklaan yn Ljouwert hat woansdeitejûn mooglik in stekynsidint west. Der is ien persoan ferwûne rekke, mar der is noch net bekend makke wat der krekt spile hat. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje is yn de omjouwing fan it hûs op syk nei in fertochte.
© Kappers Media
De plysje praat ek mei tsjûgen om te efterheljen wat der krekt bard is.