Aukje de Vries teloarsteld yn lette stipe foar de brune float

Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) fan Ljouwert is net wiis mei de antwurden fan steatssekretaris Mona Keijzer op de fragen dy't sy skreaun hat oer de brune float. De Vries is teloarsteld dat der sa let stipe komt, wylst der al lang in bedrach tasein is. De brune float hat it dreech fanwege de coronakrisis.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Steatssekretaris Keijzer jout yn de Keamerbrief oan 'begrip voor de bezorgdheid' te hawwen. De sylcharterfeart is hurd troffen troch de coronakrisis. Yn 2020 rinne de miste ynkomsten op oant 70-80 persint, skriuwt sy.
Ein augustus hat it kabinet besletten dat er 15 miljoen euro beskikber komt. Yn 2020 hawwe de eigeners fan skippen jild krije kinnen. Yn it twadde fearnsjier fan 2021 moatte sy opnij jild krije. Neffens Keijzer 'een aanzienlijke bijdrage' dy't brûkt wurde kin foar ûnderhâld en fêste lêsten. Ek wurdt der wurke oan in regeling foar oare unike needsaaklike kosten.

Teloarstelling

De Vries is lykwols teloarsteld dat it sa lang duorje moat. "Zeer, zeer teleurstellende reactie en brief van Mona Keijzer over de regeling voor ondernemers bruine vloot. Regeling is er niet eerder dan eind tweede kwartaal 2021!!! Terwijl er al sinds september 2020 15 miljoen op de plank ligt," sa skriuwt De Vries op sosjale media.