Van der Valk mei hotelflat bouwe by Drachten, tsjin it sin fan omwenners

Hotelketen Van der Valk mei in heech gebou bouwe foar de útwreiding fan it hotel oan de Lavendelheide by Drachten. De gemeenteried is dêr tiisdei mei akkoart gien. Inkeld de FNP wie tsjin. Omwenners fan Oerterper Fallaat binne op de heechbout tsjin. Sy fine it net passen by it histoarysk karakter fan it streekje huzen fan de âlde útbuorren.
It ûntwerp foar it nije Van der Valkhotel yn Drachten © Omrop Fryslân
De nijbou wurdt mear as twa kear sa heech as it besteande hotel. De bewenners van Oerterper Fallaat wolle dat net. Se hawwe earder al oankundige dat se, as it moat, nei de Ried fan Steat stappe sille om de nijbouplannen op te kearen.
De buert hat gjin problemen mei de toekan en de piramide fan it Van der Valk-hotel sa't it der no by stiet. Oft der no ek in toekan, it reklameteken fan Van der Valk, op de hotelflat komt, is noch net bekend.
Oerterper Fallaat leit flakby it hotel © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Van der Valk hat ferlet fan mear keamers en wol boppedat better sichtber wêze foar ferkear op de A7. It gemeentebestjoer hie earder al in posityf advys jûn oan de ried oer de nijbouplannen de hichte yn fan it hotel.
Van der Valk seit dat se wol deeglik rekken hâlde mei de buert, want se hawwe eardere bouplannen foar in 50 meter heech hotel ynlutsen nei beswieren fan omwenners.