Fryske ûndernimmer (24) oanhâlden foar 240.000 euro belestingfraude

De FIOD (Fiscale inlichtingen- en opsporingsdienst) hat tiisdei in 24-jierrige ynwenner fan Noardeast-Fryslân oanhâlden dy't foar 240.000 euro fraudearre hat. De man waard oanhâlden yn in strafrjochtlik ûndersyk nei belestingfraude, dat opset waard nei in sinjaal fan de Belastingdienst.
© Google Street View
De oanhâlden fertochte is ûndernimmer. Hy wurdt derfan fertocht dat hy omsetbelesting werom frege by de fiskus wêrby't hy gebrûk makke fan ferfalske faktueren. Uteinlik hat de man foar sa'n 240.000 euro fraudearre.
De FIOD trochsocht de wente fan de man en syn bedriuwsadres yn de gemeente Woerden yn de provinsje Utrecht. Dêrby is beslach lein op digitale en fysike administraasje. It ûndersyk stiet ûnder lieding fan it Functioneel Parket, dat him taleit op de bestriding fan fraude.