Kollum: "Gefoel"

"De húsdokters en sikehûzen wiene oerbeset dit wykein. 40.000 reedriders moasten se behannelje foar brutsen polzen of harsenkoddings. Dat lêste kin foar it oare hast net. Sa folle harsen sit der net mear yn in wylde reedridershorde op min iis.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Tajûn. As der eartiids froast oer de greide kaam, rekken alle Friezen yn 'e war. Ferstân waard gefoel. Elk dy't ferline wike de wide iisflakten opskeukte yn dy skitterjende sinne, pakte de telefoan, makke in plaatsje en sette derby dat it allegear wûnderlik moai en hearlik wie. Elts dy't ride koe, dy ried. Sa moai as Hylke Speerstra kin ik it net sizze. Gefoel.
Gefoel jout oerdriuwing. As waarlju roppe dat der iisplomkes op de meterkes stean, soe it better wêze it gefoel noch efkes yn in sydkeammerke te setten. Eartiids koenen we dat better. De earste froastwike de iisbanen iepen. Foar de bern. Yn it lêst fan dy wike swierden de âlderen jûns op de fleurige muzyk. It iisklupbestjoer glom fan de beerenburg, dy't efter de poeiermolkebus stie.
De twadde wike setten de iiswegesintrales de rûtes bûtenút út. As se werom kamen, seinen se: jim kinne wol, mar bliuw wêr't ús streken steane en ryd net foarby de lizzende tûken. Pas de tredde wike kamen, as it goed trochfrear, de rayonhaden by elkoar. En sels dan koe op it lêste stuit, lykas yn 1982, 1996 en 2012, de tocht ek samar wer net trochgean.
No hawwe we foardat it friest al oarloch oer de Alvestêdetocht. As it ien dei ferzen hat, sausket de jeugd de iisbanen stikken. Dêr is sels ek noch begryp foar, want o wat hat de jeugd it slim tsjintwurdich. De twadde dei begûn elk op it bûtenwetter te riden, wylst oerheid en iiswegesintrales om de fiif minuten rôpen dat it net koe. Dy waarden útlake. De brânwacht helle ommers elk dy't der trochsakke wer op 'e kant. Ik hoopje dat elk thúskaam is, mar bin noch net oertsjûge.
Doe't hjir en dêr wat better koe, slipen we de redens en de earmtakken, setten de auto's oeral sa ticht mooglik by it iis del en wrotten ticht op elkoar op dat iis om. It is krekt as nei de Twadde Wrâldoarloch. Doe't de Alvestêdetocht yn 1947 riden waard, skodde frijwol elk oan de reglemintebeam. Alles foar harsels, ikke, ikke. Dat hienen we no ek wer. Efkes net mear oan corona tinke, ús eigen wei gean. Ride. Romte. Natuer. Frijheid. Trije dagen fakânsje. We wisten hielendal net mear dat we yn in coronatiidrek sieten. Ik moat tajaan, ik ek net, it iis wie baas.
Us straf wie dat we moandeitemoarn ultralockdown fanwege de izel sieten. Straf foar de oerdriuwing. Dy moat der wat út. Mar we binne feroare. Yn de jierren 80 wie de macht fan it Alvestêdebestjoer sa grut, dat as dy sein hienen dat de snie fan it iis moast, dat acht fan de tsien minsken oan it feien slein wiene en de oare twa hellen beerenburg en woarst om dernei noch efkes te praten. De âlde Kroes hat wolris benaud west foar dy macht.
As in Alvestêdebestjoer it no freegje soe, giene njoggen fan de tsien om beerenburg en gienen alfêst oan de kant sitten sadat in oar dêr net komme koe. Jim begripe dat dit oerdrachtlik is, mar we lûke ús net safolle mear oan fan de realiteit. De oerheid en oare ynstânsjes dy't snein de hiele dei seine dat je moandeitemoarn net op de diken komme moatte, moasten likegoed in dei letter hûnderten auto's út de sleat helje. Ungelokken fan ûngelokken.
Reedride yn coronatiid. It is miskien it bêste oan te tsjutten mei de grutte mar wol wat oerdreaune mediale oandacht foar in stikje Alvestêdetocht fan Henk Angenent en Syb van der Ploeg. Dy klunen yn in auto fan Boalsert nei Dokkum. Oars wienen se net op tiid op de Bonke. Want Piet Mulder en Gerben Douma rûnen, klunen en rieden sneon troch en kamen om middernacht oan.
Se krigen gjin blommen mar in boete om't se de jûnsklok net respektearren. Ien rjochter sette juster dy jûnsklok op normale tiden, in oaren woe dat wer net lije. It iis joech ús it gefoel dat de ellinde hast oer wie. Dat is net sa."