Ljouwerter stichting DMH foar medyske help op eveneminten jout needgjalp

De Ljouwerter stichting DHM komt mei in needgjalp en hat in aksje opset foar donaasjes. DMH fersoarget gewoanwei medyske help by bygelyks festivals, sporteveneminten en konserten yn de noardlike provinsjes, troch it ynsetten fan EHBO'ers, dokters en ferpleechkundigen. Mar om't al dy eveneminten fuortfallen binne troch it coronafirus, hat DHM ek gjin ynkomsten mear.
© Stichting DHM
DHM falt bûten de regelingen fan de oerheid, jout de organisaasje oan. De reserven binne hast op, want der bliuwe wol fêste kosten. "Aan opslag voor onze materialen en de kosten van de auto, verzekeringen en afschrijving van de medische materialen en middelen," seit foarsitter Frank van der Zee. Dêrom hat de stichting in donaasje-aksje opset.