Ald-deputearre en SP'er Michiel Schrier is de nije boargemaster fan Flylân

Michiel Schrier (SP) fan Drachtsterkompenije wurdt de nije boargemaster fan Flylân. Dat is tiisdeitejûn yn in ekstra riedsgearkomste op it eilân bekend makke. Schrier wie fan maaie 2015 oant juny 2019 deputearre foar de provinsje Fryslân. Op dit stuit is Schrier lid fan de gemeenteried fan Smellingerlân en foarsitter fan de SP-fraksje yn Provinsjale Steaten. De posysje fan boargemaster op Flylân kaam frij, om't Tineke Schokker earder oanjûn hat dat sy wer nei de fêste wâl wol.
© Omrop Fryslân
Yn in ekstra riedsgearkomste waard tiisdei de foardracht bekend makke
Oan de proseduere diene 27 minsken mei: 14 manlju en 13 froulju. De betrouwenskommisje sil him foardrage by it ministearje fan Ynlânske Saken.

Earste SP-boargemaster

Bysûnder is dat Schrier de earste troch de kroan beneamde SP-boargemaster is. Emile Roemer is ek boargemaster, mar hy is waarnimmend yn dy funksje. Tusken 2010 en 2013 hat Yorick Haan boargemaster fan Flylân west. Dy hearde earder ek by de SP, mar rjochte dêrnei de lokale partij Progressief Schiedam op.
Yn in earste reaksje liet Schrier witte grutsk te wêzen dat er keazen is foar dizze baan. "Het leek me een prachtige functie. Toen dit voorbij kwam heb ik daarom niet lang getwijfeld. Ik ben bestuurlijk ingesteld, zo zal ik deze functie ook vervullen."

Twadde Flylân-boargemaster yn de famylje

"De grootvader van mijn vrouw is tussen 1947 en 1955 ook burgemeester van Vlieland geweest," fertelt Schrier fierder. Hy hat it oer Johannes van den Bent (1910-2003), dy't in PvdA'er wie en njonken op Flylân ek boargemaster fan Raarderhim west hat. "Het eiland had bij ons altijd al een speciaal plekje. Dat ik nu ook burgemeester van Vlieland wordt is wel bijzonder. Zo komt alles toch weer mooi bij elkaar."
Michiel Schrier oer syn foardracht as boargemaster