Rjochter: Jûnsklok moat fuortendaliks fan tafel

De jûnsklok moat fuortendaliks opheft wurde. Dat hat de rjochter yn Den Haag bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch de protestgroep Viruswaarheid. Wachtsjen op in heger berop mei fan de rjochter it opheffen fan de jûnsklok net yn it paad stean.
© CAMJO Media
De jûnsklok is ynsteld op basis fan in needwet, dêr't yn stiet dat it kabinet yn needgefallen regels ynfiere kin sûnder oerlis mei de Earste en Twadde Keamer. Mar neffens de rjochtbank wie de jûnsklok gjin needsitewaasje "sa as it gefal is by in dyktrochbraak".
De Nederlânske BOA Bond seit dat boa's de jûnsklok net hanthavenje. It bûn seit dat se ek lústerje moatte nei de útspraak fan de rjochter.
Neffens de rjochter yn Den Haag makket de jûnsklok "een vergaande inbreuk op het recht op bewegingsvrijheid en de persoonlijke levenssfeer". De regel beheint "onder meer het recht op vrijheid van vergadering en betoging".
It is net bekend wat de gefolgen binne fan de útspraak foar boetes dy't oplein binne foar oertreding fan de jûnsklok. "Het kan zijn dat alle boetes worden teruggedraaid, maar dat is uiteindelijk aan de rechter", seit in foarljochter fan de BOA Bond.

Ministearje oerleit

It ministearje fan Justysje en Feilichheid bestudearret de útspraak fan de rjochter en de gefolgen dêrfan.
Foarsitter Sybrand Buma fan de Veiligheidsregio Fryslân wol noch net reagearje op it nijs, hy wachtet mei in reaksje oant it kabinet in reaksje jûn hat.
Yntusken is dúdlik wurden dat it kabinet yn berop giet tsjin de útspraak. De saak tsjinnet om fjouwer oere. In útkomst soe wêze kinne dat de jûnsklok dochs yn stân bliuwt.