Van Hall Larenstein hat in nije keunstko foar ynseminaasje-ûnderwiis

Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert hat sûnt dizze wike bysûnder nij lesmateriaal. Keunstko Henryetta is in trainingsmodel ko bedoeld foar ynseminaasjetraining. Yn de ko sitte rútsjes sadat de dosint meisjen kin oft de studint it goed docht. De ko is neffens Van Hall Larenstein unyk ûnder hegeskoallen yn it Noarden en tilt it agrarysk ûnderwiis nei in heger nivo.
© Van Hall Larenstein
Henryetta kin ek brûkt wurde om de anatomy en fysiology fan in ko te toanen. Der sitte fjouwer rútsjes yn dy't iepene wurde kinne, sadat studinten en dosinten ynwindige prosessen simulearje en besjen kinne.
De keunstko is goed as tarissing op in kursus keunstmjittige ynseminaasje. Foardiel is dat itjinge dat de studint op gefoel docht, sichtber wurdt foar de dosint fia de meisjochlûkjes. "Foarhinne wie de teory op basis fan ôfbyldings yn de les. No kinne we it sjen litte en kinne studinten it echt fiele", leit Titia Fokkema, dosint Dier- en Veehouderij by Van Hall Larenstein, út.

Organen derút helje

It apparaat lit it fuortplantingsstelsel en de bekkenholte fan de ko sjen. Ferwaarming simulearret de lichemstemperatuer en ek it opblazen fan de term wurdt neidien. Gynekologyske dielen lykas de liifmoerhals en liifmoer kinne derút helle wurde sadat ek dêrmei traind wurde kin. "It is in goede taljochting op de teory", seit Fokkema.
It duorret noch efkes foar't Henryetta echt ynset wurde kin, om't it ûnderwiis op it stuit noch digitaal bart yn ferbân mei de coronamaatregels.
Dosint Titia Fokkema oer keunstko Henryetta