Basisdebút foar Nick Doodeman by SC Cambuur

De lêste wedstriid fan SC Cambuur datearret fan fyftjin dagen lyn. De kommende dagen spylje de Ljouwerters yn sân dagen leafst trije wedstriden. Te begjinnen mei de thúswedstriid tsjin TOP Oss fan tiisdei. Nick Doodeman debutearret dan foar Cambuur, hy begjint yn de basis.
Trainer Henk de Jong
Doe't Cambuur ferline wike tsjin Jong Ajax spylje soe, soe Nick Doodeman noch op de bank begjinne. Mar in wike letter lizze de papieren der dus hiel oars foar. Wêrom't Doodeman no wol spilet, leit trainer Henk de Jong út: "Doe wie hy twa dagen binnen en wist er noch net krekt hoe't we spylje. Dêr ha we no oardel oant twa wiken foar hân. Je hawwe mei Jarchinio Antonia no twa echte rjochtsbûtens, dan moatte je dêr ek gebrûk fan meitsje."
It betsjut dat Michael Breij wer plaknimme kin op de bank. Mooglik dat hy op in oare posysje fan wearde wêze moat, nammentlik op dy fan oanfallende middenfjilder. Dêr is Mitchel Paulissen fuortfallen. Hy gie moandei op de lêste training ûnder begelieding fan de fysioterapeuten nei de klaaikeamers. Paulissen like lêst te hawwen fan in hamstringblessuere en neffens De Jong is hy in pear wiken útskeakele.
Basisdebut foar Nick Doodeman
Ekstra spanning sil der foar Doodeman net wêze foar it duel mei TOP Oss, sa ferwachtet er. "Ik loop natuurlijk al een paar jaartjes mee, dus ik ben meestal niet zo gespannen." Hy sjocht der wol nei út om syn basisdebút te meitsjen, al sil dat wierskynlik wol in dreech potsje wurde. "Ik denk dat TOP Oss altijd heel lastig is. Ze zullen waarschijnlijk weer gaan inzakken en dan proberen ze eruit te komen met de counter. Wij moeten zorgen dat we ze onder druk houden, kansen creëren en snel scoren. Dat werkt vaak wel."
Doodeman spile earder dit seizoen mei 1-1 lyk tsjin de ploech út Noard-Brabân. Cambuur wist yn Oss ek net te winnen en kaam net fierder as 2-2.
© Orange Pictures
Nei TOP Oss folgje der yn in koart skoftke tiid noch twa wedstriden. Freed út tsjin Jong Ajax en dan moandei út nei Jong FC Utrecht. Dêr hat Cambuur yn de belesting rekken mei hâlden op de training, fertelt De Jong. "We ha in pear kear alve tsjin alve spile, dus we ha wol goed neitocht oer hoe't we it foar inoar krije kinne."
De kâns is wol grut dat net alle spilers trije kear njoggentich minuten meitsje kinne. En dus moat De Jong wierskynlik ek in berop dwaan op spilers dy't gewoanwei op de bank sitte. "Ja, dêr hâld ik wol rekken mei. Dus we sille wol sjen oft we wat faker wikselje kinne. Dat ha ik no al in bytsje yn de kop, mar de wedstriden moatte ek útwize dat it kin."
De wedstriid begjint tiisdeitejûn om 18.45 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It earste kertier fan de wedstriid yn it programma Weistra op Wei en fan 19.00 oere ôf yn in ekstra sportprogramma. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Cambuur Stadion wei. Woansdei is der in wiidweidige gearfetting fan dat duel werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal.