RIVM: 172 nije coronabesmettingen yn Fryslân

It RIVM meldt moandei 172 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 21 mear as snein, doe wiene it der 151.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert mei 41. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 32 besmettingen. Yn Weststellingwerf wiene it der 18.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne ek trije Friezen yn it sikehûs opnaam mei corona. It giet om minsken út de gemeenten Ljouwert, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel.
Lanlik meldt it RIVM 2.875 nije besmettingen. Dat binne der 622 minder as snein. Doe wiene der lanlik 3.497 nije coronabesmettingen.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.