Tal coronaopnames Fryslân wat sakke, IC-pasjinten gelyk bleaun

Yn de Fryske sikehuzen lizze op dit stuit 64 pasjinten mei in covid-19-besmetting. Njoggentjin fan harren lizze op de intensive care. De totale opnamesifers binne yn ferliking mei freed wat leger wurde, mar it tal IC-opnames is sawat gelyk bleaun.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Yn de provinsje Grinslân leine moandei ek 64 coronapasjinten yn it sikehûs. Mei achttjin IC-opnames hie Grinslân ien minder as Fryslân. En yn Drinte binne achttjin covid-19-pasjinten opnaam yn it sikehûs, fan wa njoggen op de intensive care.
De sifers wurde trije kear wyks bekend makke troch it Acute Zorgnetwerk, op moandei, woansdei en freed.