Eric fan Heel Holland Bakt: "Elkenien wit no hoe lekker oft Riperkritetsiis is"
"Elkenien wit no hoe lekker oft Riperkritetsiis is. Prachtich, toch?" Eric Jongsma, dielnimmer fan it achtste seizoen fan it tv-programma Heel Holland Bakt sjocht tige tefreden werom op syn dielname. Jongsma út Toppenhuzen waard úteinlik net de winner, mar dochs is er grutsk. "Dit wie totaal bûten myn comfortzone, mar dêrom miskien wol hiel goed."
Eric fan Heel Holland Bakt
Oft er no twadde of tredde wurden is, wit Eric sels ek net. "Wy binne beide twadde wurden", laket er. Dochs hat er in hiel goed gefoel oerhâlden oan syn tv-debút. "It wie fantastysk. Dit wie totaal bûten myn comfortzone. It wie myn útdaging om mysels noch mear te pushen. Ik haw in skoft neat dwaan kinnen fanwege wurgens, dus ik hie wat yn te heljen", laket er.
Eric Jongsma fan Heel Holland Bakt - diel 1

Snein wie de finale-útstjoering fan Heel Holland Bakt. Fansels siet Eric sels thús ek op de bank. "De kommentaren achter de skermen, dy hearst dan foar it earst. Dus dat is hiel leuk." Eric waard troch presintator André van Duin betitele as 'Stoere Fries'. "Ja, moai net?", glunderet er. "Dit aventoer hat my echt goed dien. Ik doch no dingen rapper as foarhinne. Dêr't ik earst opseach tsjin al it wurk, doch ik it no gewoan."
Riperkritetsiis
Dy trochpakkers-mentaliteit kaam him goed fan pas yn 'e finale-opdracht, dy't mar leafst acht oeren duorre. "Dat wie in 'afmatpartij' ja", jout er ta. "Bist op 'e ein sa wurch, datst net mear witst wat ast dochst. Mar ik bin grutsk op wat ik makke haw." Ien fan syn spesjaliteiten wiene koekjes mei Riperkritetsiis "Dat foel yn 'e smaak. Ik woe wat unyks meitsje en ik wie der wis fan dat ik wat hie dat gjinien oars hie. En elkenien wit no hoe lekker oft Riperkritetsiis is."
Eric Jongsma fan Heel Holland Bakt - diel 2