Liveblog | 15 febrewaris 2021

WINTERBLOG: Temperatuerstiging fan 30 graden neffens Piet net unyk

Koade read wie yn Fryslân de hiele moarn fan krêft, yntusken jildt koade giel oant middernacht.
Bywurke: 16 febrewaris 2021, 10:22
moandei 15 febrewaris 2021
19:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit winterliveblog fan moandei 15 febrewaris. Tank foar it folgjen.
18:25

Drokte by redenfabrikant Zandstra

It wiene ôfrûne wike gouden tiden foar redenfabrikanten, -slipers en -ferkeapers. By gruthannel Zandstra op De Jouwer wie it ôfrûne wiken smoardrok. "Eigenlijk vanaf het moment dat de vorst werd voorspeld, vorige week vrijdag, kwam de vraag al los", fertelt Marco Zandstra. "De zondag erna was het al gekkenhuis."
Normaal sprutsen hawwe se it by Zandstra sawiesa drok mei bestellings út lannen dêr't it altyd kâld is en der riden wurde kin. No kamen der foaral út Nederlân mailtsjes binnen en stie de telefoan reagleon mei ien en itselde fersyk: redens! De winterbestellings yn Nederlân meitsje lykwols net in hiel grut ferskil foar de redenfabrikant boppe-op de normale fraach. "Het is een mooi extraatje", leit Marco Zandstra út.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer seach by Zandstra op De Jouwer
Yntusken is der in grut gat yn de foarried slein. "Er zijn heel veel schaatsen uitgegaan." Normaal sprutsen rinne der twa minsken rûn yn it magazyn dy't bestellings ferwurkje, mar ôfrûne wike wiene dat der hast fyftjin. "Iedereen was als in een mierennest door elkaar heen aan het rennen. We konden niet iedereen tegelijk helpen, dus het was een kwestie van wie het eerst komt, wie het eerst maalt."
No moat earst de foarried wer oanfolle wurde. "We moeten zorgen dat mensen weer schaatsen kunnen krijgen. Ook al begint het te dooien, men wil nog steeds schaatsen kopen."
17:22

Winterbylden fan ôfrûne wykein

-
17:19

It wie hjoed flink glêd yn de provinsje

-
16:48

Flinke temperatueromslach is net unyk

Ofrûne wykein stiene we noch op de redens, mar it duorret net lang mear oft de maitiid komt deroan. "It suden fan Europa is no wat oan it opwaarmjen. Ik ferwachtsje snein temperatueren fan sa'n tsien, alve graden", seit waarman Piet Paulusma.
"Ast dat ferlikest mei temperatueren fan -15 fan ôfrûne wike, dan giest op guon plakken sa'n 30 graden omheech." Hiel unyk is sa'n omslach lykwols net. "Healwei febrewaris is it net sa hiel bysûnder dat it tolve graden is. It rekôr stiet op achttjin graden."

Koade read

Twa wykeinen koade read efter inoar is wol wer bysûnder. "De iene kear mei de komst fan de kjeld en de oare kear mei it fuortgean fan de kjeld. Dat bart net sa faak", seit Paulusma.
Neffens him wurdt der faker koade read ôfjûn om't de mienskip feroare is. "It is folle drokker op de diken. Der binne ynternasjonaal ôfspraken makke foar wannear't it koade giel, oranje of read is. Koade read is frij ekstreem, mar wurdt net faak útjûn."
Piet Paulusma
15:49

KNMI: Twa kear koade read achter mekoar is 'tafal'

Twa kear koade read flak achter mekoar, dat is net oerdreaun, seit Charlotte Fijnaut fan it KNMI. Foarige wike wie it fanwege in sniestoarm, en hjoed fanwege de izel. "Als in de Weerkamer wordt geconstateerd dat er zoiets aan de hand is, dan gaan we in overleg met diverse maatschappelijke partners, zoals de Verkeerscentrale, Rijkswaterstaat en Luchtverkeersleiding Nederland", seit Fijnaut by RTV Noord.
In traumahelikopter waard oproppen omdat ien fallen wie op it iis © SRFotografie
It komt hast noait foar dat koade read yn it hiele lân jildt, seit Fijnaut. "Nu toevallig twee keer achter elkaar, maar de laatste keer daarvoor was 13 februari 2012, ook vanwege ijzel".
As 'koade read' ôfjûn is, wurdt dat nei ôfrin altyd evaluearre. "Daar zijn we voor wat betreft vorige week zondag nog niet aan toegekomen", seit Fijnaut. "We hebben inmiddels wel late onderzoeken in hoeverre de waarschuwing is opgevangen: 95 procent van de ondervraagden heeft die gehoord. 78 procent van hen heeft er ook naar geluisterd en bleef dus vorige week zondag binnen".
14:36

Provinsje: Farferbod bliuwt fan krêft

It farferbod dat ôfkundige is foar in grut part fan de provinsjale farwegen, bliuwt hjoed noch fan krêft. Dat meldt in wurdfierder fan de provinsje. Moarn wurdt in part fan de farwei nei Drachten frijjûn. Dat kin neffens de provinsje pas neidat der in iisbrekker trochhinne west hat. De rest fan it wetter is oant woansdei noch ferbean terrein foar boatsjefarders
© CAMJO Media
Yn it grut part fan de provinsje jildt al tsien dagen in farferbod, om de iisgroei mooglik te meitsjen.
Op de plakken dêr't it farferbod net jildt, waarden de brêgen fan 'e moarn net betsjinne, fanwege it waaralarm. De provinsje meldt no dat de beropsfeart wer troch de brêgen kin.
14:02

Kranten letter troch winterwaar

Meardere kranten binne hjoed letter besoarge troch de glêdens. Under oare de Volkskrant en Trouw melden earder al dat der sprake fan fertraging wêze koe. Op plakken kaam de Ljouwerter Krante ek letter.
13:45

Kustwacht set betonningsskip yn as iisbrekker op Skylge

13:32

GGD: Mear as tûzen minsken sûnder coronatest of faksinaasje troch izel

Trochdat de test-en faksinaasjelokaasjes fan GGD Fryslân oant 14:00 oere net iepen wiene, koene 800 minsken fannemoarn net faksinearre wurde. Dat seit Nils fan Mourik fan GGD Fryslân. Boppedat binne der 300 ôfspraken ôfsein fan minsken dy't in coronatest dwaan litte woene.
It wie al de twadde kear yn koarte tiid dat it waar soarget foar fertraging by de test- en fakinaasjelokaasjes yn Fryslân. De GGD hopet de fertraging dizze wike yn te heljen.
13:29

Oant middernacht koade giel yn hiel Fryslân

Koade read wie yn Fryslân hast de hiele moarn fan krêft, yntusken jildt yn de hiele provinsje koade giel. Oant middernacht warskôget it KNMI foar glêdens, benammen op lokale diken.
13:24

Arriva: Meardere bussen stiene stil troch izel, sjauffeurs woene net mear ride

Meardere bussen kamen fannemoarn stil te stean, troch de izel op de dyk. Dat meldt ferfiersbedriuw Arriva. Fannemmoarn wie de tsjinstregeling wol opstart, mar om sân oere binne alle bussen fan de dyk helle, omdat sjauffeurs seine dat it net fertroud wie. Dat meldt in wurdfierder fan Arriva.
Om dizze tiid hinne geane de earste bussen de dyk wer op. Neffens Arriva soe it in oere duorje kinne, foardat alles wer neffens de tsjinstregeling rydt.
Nikkie Smit fan Arriva
13:17

Bergers ha it net folle drokker

Glydzpartijen, ûngelokken en skea; hiel wat bestjoerders kamen der moandeitemoarn net sûnder klearskuorren ôf doe't se de dyk op gongen. Fanwege de izel wiene in soad diken sjippeglêd. Dochs hienen se it by bergingsbedriuw Boersma yn Walterswâld net hiel drok.
© ANP Foto
"It falt hjoed hiel bot ta. Wy ha fjouwer meldingen hân oant no ta. Dat wienen allegear lytse slipperkes", fertelt Kees Boersma. "Minsken passe harren snelheid goed oan. Boppedat it is hiel rêstich op de dyk. Yn Fryslân hat elkenien him goed oan koade read hâlden."
Berger Kees Boersma
12:57

Personiel Antonius sliepte yn sikehûs fanwege de glêdens

Sikehûzen ferwachtsje dat de ekstra drokte oanhâldt, ek no't it iis fuortteit. Yn alle Fryske sikenhuzen binne moandei en tiisdei in soad ekstra operaasjes ynpland foar minsken dy't dit wykein fallen binne by it reedriden. Dêr komt de izelglêdens fan moandeitemoarn noch by, dy't ek soarget foar stikkene bonken. Boppedat soene der dizze wike noch minsken komme kinne, dy't earst nei de eigen húsdokter gien binne.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn Snits by it Antoniussikehûs is in part fan it personiel de nacht fan snein op moandei te sliepen bleaun yn it sikehûs. Se wiene benaud dat se troch de glêdens oars net op it wurk komme koene.
De sikenhuzen hâlde rekken mei ekstra drokte yn de operaasjekeamers. Omdat troch it coronafirus net altyd alle operaasjekeamers brûkt wurde kinne, moat der neffens in wurdfierder fan ien fan de sikehuzen strak pland wurde.
12:36

Mear as 140 ton sâlt is net genôch om ûngelokken foar te kommen: "We zijn er volle bak tegenaan gegaan"

Mar leafst 146 ton sâlt waard der yn ien moarn oer de Fryske diken struid troch Rykswettersteat om de izel te liif te gean. Mei man en macht waard der struid om glêde diken foar te kommen. Dochs barden der in oantal ûngelokken. "We zijn er volle bak tegenaan gegaan", seit Peter Snippe fan Rykswettersteat, "maar we konden niet voorkomen dat er toch een aantal ongelukken zijn gebeurd."
11:31

KNMI: Koade read net langer fan krêft yn Fryslân, no jildt koade giel

Koade read is yn Fryslân allinne noch fan krêft op de Waadeilannen. Yn de rest fan de provinsje jildt koade giel. Dat meldt it KNMI. Neffens it waarynstitút kin it op plakken noch hieltyd glêd wêze toch snieresten.
11:25

Wetterskip makket gemalen iisfrij, om smeltwetter ôf te fieren

No't de froast foarby is, is it Wetterskip begûn mei de tariedingen dy't nedich binne om de gemalen wer oan te setten. Dat is nedich om it smeltwetter en de ferwachte delslach ôf te fieren. Dêrmei kin it 'draaiboek iis' de kast wer yn.
It wetterskip stjoert ûnderhâldsploegen op 'en paad om de gemalen iisfrij te meitsjen. De gemalen yn gebieten dêr't de ôffier it hurdste nedich is, binne as earste oan bar. Se wurde net allegearre tagelyk oanset, om skea oan de oevers foar te kommen.
11:21

Bussen moatte middeis wer neffens tsjinstregeling ride, opstarten duorret in oere

Earder op de dei melde Arriva dat it busferkear stillein waard. Oan it begjin fan de middei moatte de bussen wer ride, meldt it ferfiersbedriuw no.
11:18

Iisbrekkers op Waadsee noch altyd aktyf, Doeksen past tsjinstregeling oan

10:33

Wat tinkst, slagget it of is it in brêge te fier?

De man en de brêge
10:14

Frachtwein blokkearret Easterlittens

Yn Easterlittens blokkearret in frachtwein de dyk. De sjauffeur kaam troch de glêde dyk klem te sitten tusken de tsjerkemuorre en in hûs.
© Freek
09:59

GGD: Test- en faksinaasjelokaasjes yn alle gefallen oant 14.00 oere ticht

Fanwege de ferwachte glêde diken hâldt de GGD de test- en faksinaasjelokaasjes yn alle gefallen noch oant 14.00 oere ticht. Dat meldt in wurdfierder fan de Fryske GGD. Der sil per regio sjoen wurde wannear't lokaasjes wer iepen kinne. De GGD wol streekrjocht kontakt opnimme mei minsken dy't in ôfspraak hiene. It lêste nijs is te finen op de webside fan de Fryske GGD.
09:53

Diken ôfset yn Frjentsjer

Yn it sintrum fan Frjentsjer binne troch de plysje en gemeente meardere diken ôfset fanwege de glêdens. It giet om de Hertog van Saxenleane en de omlizzende strjitten. Mei in striuwein wurdt de wei frij fan izel makke.
© SRFotografie
09:02

Auto oer de kop yn Snits, bestjoerder ferwûne

By in auto-ûngelok yn Snits is de bestjoerder ferwûne rekke.It ûngelok wie op de rûnwei. De oarsaak soe izel west ha. De diken binne tige glêd.
© CAMJO Media
08:57

Sjoch hjir hoe glêd oft it is yn de provinsje

Op plakken is it ferskuorrende glêd. Dit binne bylden fan meardere plakken yn de provinsje.
Glêdens yn Fryslân
08:53

Earste Help yn Antonius sikehûs draait oeroeren

Polsbreuken, stikkene heupen en harsensskoddings; it rychje mei ferwûnings fanwege it reedriden wie ôfrûne wike lang by sikehûs Antonius yn Snits. Benammen 55-plussers kamen op de earste help telâne nei't se op it iis fallen wienen. "Wy hawwe trije kear sa folle pasjinten sjoen as gewoanwei", fertelt Tineke Kroon, dokter op de earste help fan it Antoniussikehûs.
© ANP Foto
08:37

Piet: "Op de stoepe kinst it wol ferjitte"

"It is sjippeglêd. Op stoepen kinst it wol ferjitte." Dat seit waarman Piet Paulusma. Letter yn 'e moarn of oan it begjin fan de middei ferdwynt de izel. Ek is der kâns op in sniebuike.
08:34

Feilichheidsregio warskôget foar ferrifelende glêdens

De Fryske feilichheidsregio warskôget foar 'verradelijke gladheid', dy't feroarsake wurde kin troch delslach op in beferzen ûndergrûn.
08:28

Auto fan de dyk op A7

By Nijlân rekke in auto fan de dyk, tusken Snits en Boalsert. De auto kaam yn de middenberm telâne.
© Jaring Rispens
08:19

Stoepe feoaret yn iisbaan

Net allinnich de diken binne sjippeglêd, ek de stoepen feroarje troch de izel yn wiere iisbanen.
© SRFotografie
08:10

Omrin: Waarsomstannichheden soargje foar drokte, ôffalynsammeling mei fertraging

It ôffal wurdt hjoed op plakken letter ophelle as oars. Dat meldt ôffalbedriuw Omrin op de eigen webside. Dat bedriuw meldt ek dat der in protte fragen komme by de klanteservice. Ek dêr moatte minsken rekken hâlde mei in wachttiid.
08:03

Meiwurkers thússoarch bliuwe thús: allinne needsaaklike soarch

Thússoarchmeiwurkers fan Het Friese Land gean moandei allinnich op 'en paad foar minsken dy't needsaaklike medyske soarch nedich hawwe. Dat makket de thússoarchorganisaasje bekend op de eigen webside. Kliïnten dy't gjin soarch krije, wurde belle troch de thússoarchmeiwurkers.
08:03

Skoallen hâlde doarren ticht fanwege izel

By in soad basisskoallen bliuwe de stuoltsjes moandei op de tafels stean fanwege de izel. Sa ek by de basisskoallen fan skoalkoepel Proloog. "Dit is in ferskriklik dilemma", seit Albert Helder, direkteur fan Proloog. "Foar ús jildt: koade read is doarren ticht. Mar maklik is sa'n beslút noait."
08:02

Arriva leit busferkear stil

Ferfierder Arriva hat moandeitemoarn om 07.00 oere al it busferkear stillein fanwege de izel. Arriva fynt it net langer ferantwurde om te riden. It busstasjon yn Ljouwert is troch de izel feroare yn in iisbaan. Op de webside fan Arriva kinne reizigers mear ynformaasje fine oer de tsjinstregeling.
© Anton Kappers
08:02

File troch ûngelokken op de dyk

Nettsjinsteande de oprop om thús te bliuwen, gean in soad minsken dochs de dyk op. Mei tal fan ûngelokken as gefolch. Sa rekke in automobilist op de A7 fan de dyk. Nei it ûngelok stiet der in file tusken Boalsert en Koarnwertersân. Ek moat ferkear rekken hâlde mei opûnthâld op de N31 tusken Harns en Ljouwert.
07:57

Goeiemoarn

Goeiemoarn en wolkom yn dit liveblog oer it winterwaar. It KNMI hat koade read ôfjûn fanwege glêdens troch izel. Dy jildt noch oant 12 oere. Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it winterwaar.
Juster hiene we ek in liveblog oer it winterwaar. Dat is hjir nei te lêzen.