Thússoarchmeiwurkers Het Friese Land net op paad fanwege koade read

Thússoarchmeiwurkers fan Het Friese Land gean moandei allinnich op paad foar minsken dy't needsaaklike medyske soarch nedich hawwe. Dat makket de thússoarchorganisaasje bekend op de eigen webside. It beslút is naam fanwege koade read, dy't it KNMI ôfkundige fanwege glêdens troch izel.
© Shutterstock
Mei it each op dizze warskôging fan it KNMI hat Thuiszorg Het Friese Land it beslút naam om meiwurkers allinnich nei minsken te stjoeren dy't medyske help nedich hawwe. Se freegje famylje en mantelsoargers om safolle mooglik gewoane soarch oer te nimmen. Meiwurkers meie lykwols sels witte oft se it ferantwurde fine om op paad te gean.
Kliïnten dy't gjin soarch krije, wurde belle troch de thússoarchmeiwurkers.