Ein fan de froast komt moai op 'e tiid foar wetterfûgels

Foar reedriders komt teiwaar altyd te betiid; foar de wetterfûgels komt de ein fan de winter dit kear moai op 'e tiid. Foar in soad bisten waard it hieltyd dreger om fretten te finen. "Het is een lastige tijd voor de vogels, maar als het maandag volop dooit kan de situatie weer veranderen ten gunste van de watervogels", seit boskwachter Henk-Jan van der Veen van Steatsboskbehear.
Ein fan de froast komt moai op tiid foar wetterfûgels
Wetterfûgels hâlde it lang fol, salang't der mar iepen wetter is. "Het heeft nu ongeveer een week gevroren,dus het hangt er nu een beetje om", wit boskwachter Henk-Jan van der Veen.
"Sommige plekken zijn nog open, maar de meeste zijn dicht. De watervogels hebben het daardoor lastig. Ik heb al absurde foto's voorbij zien komen van reigers die onder het ijs bevroren zijn. Ook ijsvogels en meerkoeten overkomt dat. Er vallen slachtoffers. Dat weet ik zeker. Die vind je hier op het Nannewiid waarschijnlijk ook op verborgen plekken."
Reedriders op de Aldfeart © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Dat der yn de winter fûgels deagean, hoecht op de lange termyn net ferkeard út te pakken foar in fûgelsoart, omdat allinnich de sterksten oerlibje en foar in nije generaasje soargje kinne. Ek binne der soarten lykas de iisfûgel, dy't eins hielendal net oer in strange ynfal fan froast kinne.
En soarten lykas houtsnippen, dy't oars benammen yn it tsjuster aktyf binne, sjogge je no ek oerdeis folle mear, omdat sy mear frette moatte. Boppedat kinne sy harren net goed ferskûlje, omdat sy opfalle yn de snie. Foar fûgels dy't no yn dekking bliuwe, kinne reedriders dy't yn de reiden bedarje ek in soad oerlêst jaan.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen