Ferswakke Hearrenfean yn Alkmaar ûnderút tsjin AZ

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei ferlern fan AZ Alkmaar. Yn it AFAS Stadion waard it 3-1. De Feansters moasten it dwaan sûnder de blessearre Joey Veerman en nammegenoat Henk koe mar ien helte meidwaan.
© Orange Pictures
Oanfierder Henk Veerman, dy't oant no ta hieltyd yn de basis stie, waard ditkear op de bank litten troch trainer Johnny Jansen. De spits wie net hielendal fit. Yn de warming-up rekke ek nammegenoat Joey blessearre. Lasse Schöne, dy't dizze wike weromkaam yn Fryslân, stie dêrom fuort yn de basis.

Gau op efterstân

Hoewol't de Feansters oanfallend úteinsetten, wie it earste doelpunt foar AZ. Calvin Stengs krige op rjochts de romte om út te heljen. Erwin Mulder hie de bal yn earste ynstânsje, mar Stengs koe de rebound wol binnen sjitte.
Hearrenfean hie it foaral yn de opbou lestich. Sûnder Veerman&Veerman rekke de ploech de bal geregeld kwyt. Oan de oare kant koe AZ lykwols ek net troch de Fryske ferdigening komme.

Schöne skoart

Dêr't Hearrenfean de twadde helte oanfallend begjinne woe, ûnder oaren troch it ynbringen fan Henk Veerman, wie it AZ dat opnij ta skoaren kaam. Jan Paul van Hecke woe in flater yn de opbou oplosse, mar de rjochtsback feroarsake in penalty. Teun Koopmeiners skeat, fia de hannen fan Mulder, raak: 2-0.
De Feanster joegen it doe lykwols net op. Ynfaller Veerman waard noch mar krekt ôfstoppe nei't er twa man útspile hie. Efkes letter wie it wol raak: In foarset fan Siem de Jong waard yntikt troch debutant Schöne. Gau dêrnei krige Myron Boadu in enoarme kâns op de 3-1, mar de spits skeat fan tichtby op de latte.

Jacht op de lykmakker

It spul wie dêrnei foaral foar Hearrenfean, dat de bal better yn de ploech hâlde koe as yn de earste helte. Grutte kânsen levere dat noch net op, dus Jansen keas om ek Sherel Floranus, Arjen van der Heide en Rami Hajal yn it fjild te bringen.
Dêr't de Feansters op jacht giene nei de lykmakker, wie it oan de oare kant wer raak. Nei in rappe tsjinoanfal koe Albert Guðmundsson, dy't twa jier yn de jeugd fan Hearrenfean spile, de beslissende 3-1 meitsje.
Hearrenfean bliuwt nettsjinsteande it ferlies op it achtste plak yn de earedifyzje stean. Nûmer njoggen FC Utrecht spilet sneintemiddei lykwols noch tsjin Venlo en kin de Friezen noch ynhelje.
AZ - SC Hearrenfean 3-1 (1-0). 20. Stengs 1-0, 47. Koopmeiners 2-0, 50. Schöne 2-1, 81. Guðmundsson 3-1.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Van Hecke (86/Batista Meier), Dresevic, Bochniewicz, Kaib; Halilovic, Kongolo, Schöne (72/Floranus), De Jong (72/Hajal); Nygren (65/Van der Heide), Van Bergen (46/H. Veerman).