Sint Piter is mei syn help Aldemar yn Grou oankaam
Yn Grou is sneontemiddei Sint Piter en syn help Aldemar mei hynder-en-wein oankaam. Yn it Grouster Sint Pitersjoernaal wie al te sjen dat Sint Piter maleur mei de motor krige en dat Aldemar dêrnei de stoomboat slepe moast.

Mar al gau wie de benzine op en boppedat lei der allegear iis. Uteinlik binne se yn Grou oankaam mei hynder-en-wein.
Nije wike snein, op 21 febrewaris wurdt it Sint Piterfeest yn Grou fierd.