Frysktalich sjongfestival SjONG makket edysje coronaproof

It twajierliks Frysktalich sjongfestival SjONG wurdt troch corona oars as oars organisearre. Omdat noch hieltyd net bekend is wannear't middelbere skoallen en teäters wer iepen meie, komt de organisaasje mei in in coronaproof edysje. It Fryske sjongfestival foar jongerein tusken de 12 en 18 jier giet in gearwurking oan mei cinematographer Cor Booy, makker fan Netflix-films.
© Sjongfestival
By SjONG skriuwe dielnimmers in Fryske tekst op in besteand nûmer. De dielnimmers krije fan april oant maaie de kâns om har muzikale en Fryske feardichheden te ûntwikkeljen.
Yn april krije sy twa workshops om har ta te rieden op de audysjes. Sjongcoach Janneke Brakels en muzikant/songwriter Sytse Broersma traine de learlingen op sjongtechnyk, performance en tekstskriuwen. As dat net fysyk kin, bart it online fia Zoom.
In pear wiken nei de worskhops dogge de dielnimmers audysje. Fans kinne meisjen fia in livestream. Trije winners mei troch foar de haadpriis: in musicvideo opnimme mei Cor Booy as coach. Der is gjin grutte finale mei in seal fol minsken dit jier.