Liveblog | 14 febrewaris 2021

WINTERBLOG: Warskôging foar izel moandei, Thússoarch ôfskaald

It is winter yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Bywurke: 15 febrewaris 2021, 09:19
snein 14 febrewaris 2021
20:56

Thússoarch ôfskaald

Thússoarchorganisaasje Het Friese Land sil moarndeitemoarn allinnich needsaaklike soarch leverje. Dit yn ferbân mei koade read fanwege de glêdens. Der sil yn oerlis sjoen wurde hokker soarch needsaaklik is. Dêrnjonken sil sjoen wurde oft soarchferliening ek troch famylje as mantelsoargers dien wurde kin.
De fersoargenden moatte moandei sels sjen oft it fertroud is, en kontakt opnimme mei harren kliïnten.
20:53

Veiligheidsberaad tefreden

It reedrydwykein is, wat de coronamaatregels oanbelanget, neffens it Veiligheidsberaad goed ferrûn. It winterske waar, wêrby't minsken op 'en paad wiene om te riden, soarge op guon lokaasjes foar drokte, mar neffens it Veiligheidsberaad koene gemeentes op tiid maatregels nimme.
19:37

GGD hâldt moandeitemoarn test- en faksinaasjelokaasjes ticht

Fanwege de ferwachte glêde diken hâldt de GGD moandeitemoarn harren test- en faksinaasjelokaasjes ticht. Foarearst is it de bedoeling dat dit oant twa oere middeis duorret. It KNMI hat koade read ôfjûn foar it hiele lân yn ferbân mei izel. "Heeft u een afspraak staan voor een test of vaccinatie op maandagmorgen, kom dan niet naar de locatie", sa lit de GGD witte. Der sil per regio sjoen wurde wannear't lokaasjes wer iepen kinne. De glêdens komt fanút it suden oer ús lân hinne en berikt Fryslân as ien fan de lêste provinsjes.
De GGD sil besykje om streekrjocht kontakt op te nimmen mei minsken dy't al in faksinaasje-ôfspraak stean hiene. Op de website fan de sûnensorganisaasje is it lêste nijs hjiroer te finen.
19:09

Let op: izel!

It KNMI warskôget foar glêde diken moandeitemoarn, troch izel.
18:38

Angenent folbring Njoggenstêdetocht

De Alvestêdewinner fan 1997 Henk Angenent is snein om seis oere hinne foar de twadde kear yn syn libben oer de einstreek op de Bonkefeart kaam. Hy die dit mei Syb van der Ploeg en dy syn broer Jacob. De ploech ried snein op eigen manneboerd de Alvestêdetocht. Net folslein dizze kear, want grutte parten fan de rûte wiene net mear te beriden troch de minne-iiskwaliteit en it teiwaar. Ek hie Angenent lêst fan syn knibbel. Dêrtroch waard de Alvestêdetocht úteinlik in Njoggenstêdetocht.
© Kappers Media
18:05

Trije generaasjes Kramer op natueriis

17:30

De sinne giet ûnder, foarearst foar it lêst yn in winterske wrâld

17:22

Plysje surveillearret iisflaktes

16:33

Wylst it iis teit, makket SWF him op foar izel

16:20

Traumaheli oproppen nei falpartij

Yn Sint Nyk is sneintemiddei in bern ferwûne rekke by in falpartij. It is net krekt dúdlik wat der bard is. In traumahelikopter kaam te plak om te helpen. It slachtoffer is úteinlik mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe't it mei it slachtoffer is.
© Noordernieuws
16:19

Teiwaar definityf

15:53

Alvestêdetocht Henk Angenent wurdt Njoggenstêdetocht

Henk Angenent hat de Alvestêdetocht hjoed net folslein ride kind. In seare knibbel, min iis en de jûnsklok sitte him dwers. "Je zit toch met de avondklok, ik moet ook terug naar West-Nederland", seit Angenent op Radio 1.
15:47

De temperatuer rint op en it iis brekt ôf

De temperatueren yn de provinsje rinne op, en it iis wurdt rap tinner. Dat smyt op de Fryske Marren gefaarlike sitewaasjes op. Bygelyks op 'e Tsjûkemar, dêr't in rider troch it iis sakke is. Njonken him is it wek noch te sjen.
© Omrop Fryslân
14:57

Minne kwaliteit iis? Gjin probleem!

De kwaliteit fan it iis is op ferskate plakken yn de provinsje min, trochdat der in soad snie op leit. Mar dat makket neat út foar de motoaren en auto's dy't de Iselmar brûke as crossbaan. De speedway bikes berikke út en troch snelheden fan sa'n 130 kilometer yn de oere.
14:23

Mei de ambulânsehelikoper fan it iis by De Feanhoop

In reedrider by De Feanhoop is mei de ambulânsehelikoper fan it iis helle. Hy wie fallen en rekke ferwûne. It plak wie net goed te berikken, dêrom is in helikopter ynset. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Drachten brocht.
© Noordernieuws/De Vries Media
14:20

It kin noch even

14:05

Henk Angenent:

Alvestêdetochtwinner Henk Angenent rydt de tocht
13:25

Dokkum

13:24

Drokte by Earnewâld

13:14

IIsbûn: Net op de marren ride

13:09

Angenent en syn riders tusken Molkwar en Hylpen

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
12:56

Angenent syn tocht fan boppen besjoen

12:55

Snits

12:55

Tsjûkemar

12:42

Sniewille yn Sint-Nyk

12:41

Willem de Vries: iiswille

12:23

Moai tochtsje

11:49

IIsskulptueren by de Ofslútdyk moai dekôr foar in fotoshoot

© SRFotografie
© SRFotografie
11:46

Ek de brânwacht warskôget

11:37

Tink derom, warskôget de gemeente Ljouwert

11:30

Angenent slacht Balk oer

Yn Sleat stapten Henk Angenent en syn meiriders yn de auto om Balk oer te slaan. De rûte tusken Sleat en Balk is net geskikt om te riden.
© CAMJO Media
11:23

Fysioterapy?

11:16

Piet Mulder en Gerben Douma folbringe Alvestêdetocht: "It wie helsk"

Piet Mulder en Gerben Douma ha sneon de Alvestêdetocht riden. Se wienen moarns om fiif oere op de redens stapt yn Ljouwert en kamen krekt foar middernacht oan op de Bonkefeart. Maklik hiene se it net: "It wie in helske tocht!"
Beide mannen oan de ein fan har tocht
10:49

Ride yn de Ljouwerter Prinsetún

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
10:12

Angenent is Drylts foarby

© CAMJO Media
Alvestêdewinner Henk Angenent is mei syn meiriders Drylts foarby, by de brêge moasten se klune.
10:01

Al betiid op it iis

09:20

It giet oan...

09:13

Alvestêdewinner Henk Angenent rydt de Alvestêdetocht

© CAMJO Media
De lêste winner fan de Alvestêdetocht Henk Angenent (yn 1997) is sneintemoarn om 8.00 oere yn Ljouwert it iis opstapt om by de alve Fryske stêden del te riden. Ek sjonger Syb van der Ploeg rydt mei, syn broer Jacob en Henk Matser, eigener fan Van der Valk yn Ljouwert. Op de foto binne de mannen ûnderweis nei Snits.
09:09

En se ha it helle! Krekt foar middernacht kamen se oan op de Bonkefeart

Ien fan de twa manlju hat in boete krigen foar it him net hâlden oan de jûnsklok, om't er gjin papieren by him hie en him net identifisearje koe. Syn ferklearring: "De Elfstedentocht liep een beetje uit."
09:07

Twa mannen rieden sneon de Alvestêdetocht

09:05

Tsjûkemar

09:03

KNSB: bliuw tichtby hûs ast ride wolst

Sykje fivers of sleatten yn dyn eigen wenplak. Foar feilich is en coronaproof-omstannichheden, gean dan nei de lokale iisbaan. Gean net nei beferzen iepen wetter (marren, fearten, kanalen), de kwaliteit is net betrouber; dat is it boadskip fan it iisbûn KNSB. "Levensgevaarlijk, dus ga daar niet heen, is het dringende advies. En dat zeggen we niet alleen om te voorkomen dat mensen door het ijs zakken. Dat doen we ook omdat het vanwege de coronapandemie nu eenmaal afgeraden wordt om onnodig te reizen, zelfs op deze laatste schaatsdag op natuurijs", seit Jurre Trouw fan KNSB.
Stap net allinne op de redens foar in tocht, mar doch dat mei syn beiden. Lês mear tips op schaatsen.nl/natuurijs

09:01

Temperatuer komt boppe de nul út

Waarman Piet Paulusma ferwachtet in soad sinne hjoed mar letter al mear bewolking. Oerdeis in temperatuer fan sa'n +1 graden. In kâlde wyn út it súdeasten, matich oant frij krêftich. Yn fleagen krêft 6! Yn de nacht fan snein op moandei noch lichte froast, mar letter ek al wat snie.

Moandei mooglik izel, dêrnei teiwaar

Moandei earst snie en temperatueren ûnder nul. De snie giet oer yn rein en izel en yn de middei rint de temperatuer op nei +2 of +3 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it suden, yn fleagen krêft 6. Tiisdei oant en mei tongersdei teiwaar en op tongersdei temperatueren fan 8 graden.
09:00

Goeiemoarn!

Goeiemoarn en wolkom yn dit liveblog oer it winterwaar. Ek hjoed hâlde we jim wêr op 'e hichte oer al it lêste nijs oer it winterwaar. It liket hjoed de lêste echte winterdei te wurden, mei opnij in soad ferdivedaasje op it iis.
It liveblog fan sneon is hjir nei te lêzen.