Ien persoan omkaam by fleantúchûngelok Kornhorn

In lyts fleantúchje is sneontemiddei delstoarten by it Grinzer Kornhorn, krekt oer de provinsjegrins by Surhústerfean. Hjirby is ien persoan om it libben kaam. It giet om in 75-jierrige man út de gemeente Westerkwartier.
Ien persoan omkaam by fleantúchûngelok Kornhorn
De helptsjinsten wiene manmachtich oanwêzich, en der is wie in traumahelikopter oproppen. It is net dúdlik wat der krekt bard is. It deadlike slachtoffer wie de ienige persoan oan board fan it fleantúch.
Neffens loftfeartsjoernalist Menno Swart soe it fleantúch eigendom wêze fan Vliegclub Fryslân.
© Noordernieuws