IIsmaster Kroes warskôget noch mar ris: "It iis is net geskikt foar de grutte massa"

IIsmaster Sytse Kroes fan de Friesche IJsbond advisearret minsken noch hieltyd om net it iepen wetter op te gean om te riden. "It iis is net geskikt foar de grutte massa", sa seit Kroes.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Kroes is sels sneon wol it iis op gien om de iiswegen yn de provinsje te beoardieljen. "Ik kin it it beste beoardielje as ik der sels opstean. Ik bin wol goed klaaid, we hawwe in rêchsek op de rêch dy't driuwt en we hawwe prikkers en touwen by. Op dy wize bin ik ûnderweis", seit Kroes.

Nearne frijjûn

Neffens de iismaster is it iis op in soad plakken noch lang net fertroud en is der yn de nacht fan freed op sneon ek net in soad iis bykaam. Hy advisearret minsken dêrom om net it iis op te gean. "Ik sjoch dat in hiel soad minsken it wol dogge. Mar je moatte je wol realisearje dat je op it eigen risiko dogge en dat je dus ek sels witte moatte hoe't it der hinne leit. It is nearne fertroud en we hawwe it nearne frijjûn", seit Kroes.
IIsmaster Sytse Kroes oer de situaasje op it iis