Kollum: "Bonke, Bonke, Bonkefeart!"

"Wiebe Wieling wie helder, gjin tocht dizze winter. Der is grut ferlet fan minsken dy't opportunisme bestride troch helder te sizzen hoe't de saken der hinne lizze. Oan opportunisme wie dizze wike gjin gebrek. Neist de usual suspects, de lju dêr't je it fan ferwachtsje, liet sels premier Mark Rutte him foar it opportune karke spanne.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
Op dat karke sieten Erben Wennemars en noch in stik as wat minsken dy't kollega Eelke Lok mei in leaf wurd influencers neamde. It foel my op hoefolle op nijs geilende koryfeën harren út de tinte lokke lieten en mei yn it 'zog' fan de roppers en razers gienen. Der moat hast wol in traumatyske corona-ferfeling as oarsaak ûnder lizze. Alles dat mar op nijs liket en ferkeapber is, pakke we oan en blaze we op oant bûtenproporsjonele hichten.
Dy minsken op dat karke raasden om it hurdst dat de tocht trochgean moast, sels al lei der gjin iis. Foar it gemak woenen se de toertocht ek noch mar even losmeitsje fan de wedstriid, dêrmei soenen se it folk thús op de bank earder betsjinje kinne mei harren rjocht op brood en spelen. Dat hie fansels as grut foardiel dat it ek noch prime time barre koe. Dat gegriem yn it tsjuster is wol hiel 1985, it is tiid foar feroaring. Tradysje is in wurd dat je keppelje kinne oan 'vroeger' en dêr moatte wy neat mear mei. Neffens de opportunisten.
Dit feest duorre in dei as trije. Al dy tiid hold Wiebe Wieling de kiezzen stiif op elkoar. Achter de skerms waard fansels wol oerlein, mar dêr wienen Wennemars en konsorten lokkich net by. Dy krigen op de nasjonale telefyzje de leie stiif yn hannen en lieten D66 foaroanman Rob Jetten, Geert Wilders, Mark Rutte en Thierry Baudet as in fjouwerspan hynsten prachtich tuge foar it opportunistekarke. De tocht wie by wize fan sprekken al útskreaun. Net dat der iis lei, mar dat soe wol komme, neffens de pluimprofeten.
No wie dit allegearre noch berneboarterij. Wieling en syn bestjoer ha grif smaaklik lake om alle opskuor yn de alvestêde-whatsappgroep. Mar op in gegeven momint wie it laitsjen harren wol oer. De werklike reden wêrom't de tocht net trochgiet, is nammentlik in tweet fan PvdA Steatelid Jaap Stalenburg. Dy mocht ek even meiride op it karke fan Wennemars en woe fansels kostje wat it kostet de wedstriid trochgean litte. Hy heakke der in drigemint oan ta, nammentlik dat mocht de tocht trochgean, hy mei Lutz Jacobi en Anneke Douma de Bonkefeart sjonge soe.
Doe knapte der wat by de foarsitter fan de Alvestêdeferiening. Der binne grinzen, sels foar in pragmatysk bestjoerder as Wiebe Wieling. 'Gjin tocht dit jier', tikke er yn de app-groep.