Wedstriid Jong Ajax - Cambuur wurdt ynhelle op 19 febrewaris

It fuotbalbûn KNVB hat in nije datum bekend makke foar de wedstriid tusken SC Cambuur en Jong Ajax. It duel wurdt takom wike freed 19 febrewaris spile yn Amsterdam. De wedstriid begjint al om 16.30 oere.
Jong Ajax - SC Cambuur © Omrop Fryslân
De wedstriid tusken Cambuur en Jong Ajax soe moandeitejûn spile wurde. Fanwegen it winterwaar gie dat net troch.