Lasse Schöne is it bûtenkânske dêr't Hearrenfean op hope

Lasse Schöne is it bûtenkânske dêr't SC Hearrenfean op hope. Dat sei technysk manager Gerry Hamstra by de presintaasje fan de middenfjilder. "Met zijn kwaliteiten en ervaring geeft Lasse een impuls aan de selectie. Dat een speler met zijn staat van dienst kiest voor Heerenveen, is ontzettend mooi."
De presintaasje fan Lasse Schöne by Hearrenfean:
De Deenske middenfjilder (34) siet sûnder klup, nei't er begjin dit jier syn kontrakt by Genoa ôbrekke liet. De ôfrûne wike trainde er mei Ajax mei om fit te bliuwen. Tongersdei waard bekend dat nei SC Hearrenfean giet.
Lasse Schöne siet tusken 2002 en 2006 al yn de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean, mar spile noch noait foar it earste. De middenfjilder bruts wol troch by De Graafschap, en kaam letter te spyljen by NEC en yn 2012 by Ajax. Dêr spile er sân jier lang en hie er grutte suksessen.
Zo lang ik me goed voel en er zin in heb, ga ik door. Wellicht nog wel tien jaar.
Lasse Schöne
"Ik ben hier op 16-jarige leeftijd begonnen. Het voelt goed en vertrouwd om terug te zijn", sei Schöne, dy't rêchnûmer 43 krijt. "Heerenveen staat voor goed voetbal en heeft een jonge, talentvolle groep. Er komt een EK aan en daar wil ik graag bij zijn." Schöne seit dat er fit genôch is om snein tsjin AZ al te spyljen. En hy wol der noch lang net mei ophâlde. "Zo lang ik me goed voel en er zin in heb, ga ik door. Wellicht nog wel tien jaar, al is dat misschien iets te veel."
Hearrenfean helle earder dizze winter al in oare âld-Ajaxspiler nei Fryslân: Siem de Jong. Weromgean nei Ajax wie foar Schöne gjin opsje. "Dat is nooit de intentie geweest. Ik was daar de afgelopen weken puur om op hoog niveau te trainen. Ik heb wel gesprekken gehad met de trainer, maar niet om te blijven."
Gerry Hamstra