Omrop TIP: Lanlike listlûkers yn It Polytburo, freedtejûn Lilian Marijnissen

In grut tal lanlike listlûkers skoot de kommende tiid oan yn ekstra lange edysjes fan It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân. Freedtejûn is Lilian Marijnissen fan de SP as earste te gast. Ek listlûkers Lilianne Ploumen (PvdA), Wopke Hoekstra (CDA), Mark Rutte (VVD), Esther Ouwehand (Partij voor de Dieren), Gert-Jan Segers (ChristenUnie), Thierry Baudet (Forum voor Democratie), Kees van der Staaij (SGP) en Sigrid Kaag (D66) komme by presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema.
It Polytburo © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân fynt it wichtich dat de listlûkers yn dizze tiid dochs de kâns krije om harren stânpunt yn de provinsje nei foaren te bringen.
"Kampanje fiere op lokaasje is troch de coronamaatregels sawat net mooglik en dêrom hawwe wy de listlûkers oanbean om oan te skowen yn in ekstra lange edysje fan It Polytburo. In soad listlûkers binne dêr op yngien en hawwe harren komst befêstige", sa fertelt Sybren Terpstra, einredakteur fan It Polytburo.

Alle freeds en ynsidinteel ek op tongersdei te sjen

Oant en mei 12 maart sit alle wiken in listlûker by It Polytburo oan 'e tafel. De langere edysje fan it programma is freeds te sjen fan 17.15 oere ôf. Ynsidinteel sille der ekstra ôfleveringen fan it politike programma op tongersdei útstjoerd wurde.

Fryske keamerkandidaten en mear ferkiezingsnijs

Fryske Keamerkandidaten foar de ferkiezingen komme fansels ek oan it wurd by Omrop Fryslân. Tal fan harren binne te gast by it nijsforum fan it radioprogramma Buro de Vries dat alle sneinen te hearren is.
Dat en mear (Frysk) ferkiezingsnijs is de kommende wiken folop te folgjen fia de media fan Omrop Fryslân. Mei ek online ferhalen nei oanlieding fan de petearen yn It Polytburo en oare aktuele ûnderwerpen.
Sjoch foar alle ferhalen oer de ferkiezingen op: Omropfryslan.nl/ferkiezingen.
SP-listlûker Lilian Marijnissen is freedtejûn de earste gast yn It Polytburo, fan 17.15 oere ôf.