Tydlik parkearferbod by Nannewiid yn Aldehaske fanwege reedryddrokte

Gemeente De Fryske Marren hat in tydlik parkearferbod ôfkundige foar de Badwei njonken it Nannewiid by Aldehaske. It wie tongersdei tige drok by it feanmarke mei reedriders. De gemeente wol romte hâlde foar helptsjinsten as der hommels in kalamiteit wêze soe. Der sil hanthavene wurde, jout de gemeente oan. Ek by it terrein fan Maeykehiem by de Vegelinsbosken yn Sint-Nyk wurdt it tafersjoch oanskerpe.
© CAMJO media
IIsklup De Vriendschap fan Aldehaske die earder al in oprop oan reedryd-rekreanten om nei hûs te gean of in oar plak te sykjen om it iis op te gean. Neffens de iisklup hie de kapasiteit foar it parkearen oan de njonkenlizzende Badwei syn maksimum berikt. Dat die ek wol bliken, want ferskate auto's stiene dûbel parkearre.

Dûbel parkearre

It is foar de iisklup net te dwaan om it oantal minsken en de ôfstân tusken harren te kontrolearjen, dêrom die de klup al in berop op de eigen ferantwurdlikens fan reedriders.

Ferkearsregelers

Spitigernôch is it net in plak dat makke is foar in soad ferkear, skriuwt de gemeente. Der binne tydlik ferkearsregelers ynset. "Wij vragen u om alleen te parkeren waar dat is toegestaan en de borden hiervoor in de gaten te houden en de aanwijzingen van de verkeersregelaars op te volgen," lit gemeente De Fryske Marren witte.
Oan ien kant fan de Badwei mei de auto yn de berm delset wurde, oan de oare kant net. Minsken kinne harren auto by drokte ek kwyt by it parkearterren fan camping Nannewiid en de greide foar it Badpaviljoen oer. Ek yn de greide by Badwei 56 kin parkearre wurde. As dizze plakken iepen binne, jouwe de ferkearsregelers dit oan.

Ek parkearferbod by Maekehiem yn Sint-Nyk

De gemeente hat ek de tagongswei nei Maeykehiem yn Sint-Nyk oan ien kant ôfset en in parkearferbod ynsteld. Want ek op dat plak binne in soad minsken dy't de Vegelinsbosken yn wolle om te kuierjen of te reedriden op de Amazonasfiver. Ein jannewaris die de soarchynstelling sels al in oprop om it terrein by de Bouwen te mijen.
© CAMJO media